heit&mem

Boekresinsje fan Wally: ‘Hâldsto altyd fan my?’

Dieuwke van der Meer 4 maart 2019

‘Hâldsto altyd fan my?’ is in kleurryk printeboek foar jonge bern. It printeboek giet oer memmeleafde. Elke side hat in koarte tekst en in moaie grutte en kleurrike yllustraasje, wat soarget foar in oantreklik gehiel. It ferhaal yn it boek giet oer situaasjes dy’t elke dei foarkomme kinne by bern.

Bern dogge hast alle dagen wol wat dat net mei. Betiden ûnbewust. Dan skrikke se en freegje se harren natuerlik ôf oft heit as mem no ek boas is en dan noch wol fan him/har hâlde sil.

Foar ûnwisse bern oer de leafde fan harren âlders is dit ek in hiel geskikt boek.

Lytse bear en mem bear binne de personaazjes yn dit boek. Lytse bear freget hieltyd nei oanlieding fan in situaasje oft mem ek boas is. Efkes letter freget lytse bear him dan ôf oft mem noch wol fan him hâldt. Mem bear seit: ‘Fansels wol, tinkst dat ik dêrom net mear fan dy hâlde soe?’

Lytse bear betinkt noch mear situaasjes en freget alle kearen wer oan mem oft mem dan noch wol fan him hâldt. Mem bear jout, krekt as yn it echt, wol oan dat mem fansels net alles akseptearje kin, mar seit ek hieltyd wer dat dêrtroch har leafde net minder wurde sil. Oan ’e ein freget lytse bear noch oan mem: ‘En as ik no mear fan in oar hâlde soe as fan dy, mem?’, wêrop’t mem antwurdet: ‘Dan sil ik noch altyd fan dy hâlde en do meist hâlde fan wa’tst mar wolst.’

In moai boek dat giet oer sterke memmeleafde. It ferhaal makket dúdlik dat memmeleafde net samar oer is troch lytse dinkjes dy’t gebeure. In boek mei prachtige yllustraasjes en koarte en dúdlike teksten.

Hearlik om jûns foar it sliepen foar te lêzen, sadat bern mei in goed gefoel op bêd gean.

Troch Wally Hoekstra út de Hommerts

Hâldsto altyd fan my?‘ is foar €13,95 hjir online te bestellen of freegje der nei yn dyn boekhannel.

-> Wally is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!