heit&mem

Nijsgjirrigens yn it boek ‘De beam’ (troch Wally Hoekstra)

x 6 januari 2021

De beam is in prachtich ferhaal oer de nijsgjirrigens fan bern en de fantasywrâld dêr’t bern yn libje.

Thús hawwe wy in pjut fan 2 en in kleuter fan 5. Beide binne hiel nijsgjirrich en hawwe in grutte ferbylding. Nei’t ik dit boek lies, kende ik it yn harren wer werom. Doe’t wy it tegearre liezen, seach ik dat Arjen (2) foaral hiel nijsgjirrich wie. Ik frege oan de bern oft se der wat yn werom koenen. Menno (5) joech oan dat it karakter fan Hilbert him fertroud like. “Myn freonen sizze ek wolris: ‘Ik kin dit folle better’, of ‘Mines is folle grutter’.” Wêrnei’t Menno my sels de fraach stelde: “Wêrom seit er dat altyd?” De nijsgjirrigens fan in bern. De hiele dei stelle bern fragen om’t se sa nijsgjirrich binne nei de wrâld om har hinne.

Yn dit ferhaal is Bob hiel nijsgjirrich oer de beam foar him. Hy is noait op it punt kaam dat hy alles efter dy beam sjen koe. Wat kin ik efter de beam sjen of wat kin efter de beam dien wurde?

De nijsgjirrigens fan Bob wurdt ferfolle troch it ferhaal fan Hilbert. Hilbert hat der earder west en it is net sa bysûnder wat der efter de beam te sjen is, fynt Hilbert.

Hilbert fertelt dan hoe’t hy by de beam kaam. Hilbert lit dêr syn fantasy út sprekke.

Dat is krekt wat bern faak dogge. In fantasyferhaal frijlitte as in soarte fan opskepperij.

It boek ‘De beam’ fan Bárdur Oskarsson hat in kalme ferskining. Mei in stik tekst op elke earste side en in moaie ljochte tekening op de twadde side. It boek is maklik te lêzen. Ut it ferhaal kinst dyn bern prachtige fragen stelle en in moai petear mei se begjinne.

Wally Hoekstra út de Hommerts

It boek ‘De beam’ is foar € 14,50 hjir online te bestellen.

-> Wally is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!