heit&mem

De boekresinsje fan Wytske: ‘De fertelbeam’

x 14 november 2019

Doe’t de Afûk frege oft ik in resinsje skriuwe woe oer it boek De fertelbeam, woe ik dat graach dwaan. Net allinnich omdat it in moai boek is, mar ek omdat it ûnderwerp fan dit boek, de dea, spitich genôch foar my hiel tichtby komt. Op de skoalle dêr’t ik wurkje, moasten we yn in koarte tiid ôfskied nimme fan twa fierstente jonge minsken; in leave juf en in fiifjierrige learling. Foar folwoeksenen is dat al ûnbegryplik en freeslik fertrietlik, lit stean foar de bern. Hoe lizze je dat oan je bern of je learlingen út? Printeboeken kinne dêr hiel helpend by wêze. De fertelbeam is dêr seker ien fan!

Lytse kanttekening; yn De fertelbeam skriuwe se dat foks foar altyd yn sliep falt. Wês dêr hiel foarsichtich mei rjochting jonge bern. Der binne bern dy’t dêrtroch sels net mear sliepe wolle of eangstich wurde at se op bêd moatte. Se binne bang dat se dan sels miskien ek noait mear wekker wurde. Persoanlik soe ik it stikje ‘en foel yn ’e sliep foar altyd’ (op de earste bledside) fuort litte. It ferhaal dat dan komt, is werklik wier prachtich en oandwaanlik, en it wurdt ûndersteund troch hiele moaie ôfbyldingen.

De beam jout krêft oan elkenien dy’t fan foks holden hat en sa libbet foks foar altyd fierder yn harren hert.

De fertelbeam fertelt it ferhaal fan in âlde foks dy’t ferstjert yn it bosk. Syn freonen komme allegearre nei it iepen plak om ôfskied fan harren freon te nimmen. By dat ôfskied helje se moaie herinneringen oan foks op. Sa die ûle altyd mei foks in wedstrydsje wa’t de measte fallende blêden fange koe en mûs seach altyd mei foks nei de ûndergeande sinne. Ien foar ien fertelle de bisten harren moaiste ferhaal oer harren freon. Foks hat de bisten yn it bosk rekke mei syn waarmte en leafde. Wylst de bisten prate, groeit der in lyts oranje beamke op it plak dêr’t foks lei. Dat beamke wurdt grutter, sterker en moaier by elke herinnering. De bisten komme faak nei de beam om harren herinneringen oan foks te dielen. De beam groeit mar troch en wurdt hieltyd moaier, oant it de grutste beam fan it bosk is. In beam makke fan oantinkens, en fol leafde. De beam jout krêft oan elkenien dy’t fan foks holden hat en sa libbet foks foar altyd fierder yn harren hert.

Fol ferwûndering ha ik dit prachtige ferhaal lêzen. Britta Teckentrup hat alles sa moai en werkenber delsetten, in steun foar elkenien dy’t in freon, famyljelid of húsdier misse moat.

Wytske Jongbloed út Wytgaard
Wurksum as logopedist binnen it spesjaal ûnderwiis

 

It boek ‘De fertelbeam’ is foar € 12,99 hjir online te bestellen.

-> Wytske is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.