Afûk-boekpanel
Dieuwke van der Meer 10 januari 2019
Wy binne op syk nei boek(foar)lêzers foar de Afûk-boekpanel. Wat foar dy?
Liket it dy leuk om de nijste útjeften (berneboeken of boeken foar folwoeksenen) fan de Afûk thússtjoerd te krijen en der wat oer te skriuwen? Meld dy dan gau oan!
Wat moatst der foar dwaan?
- Minstens 4 leuke foto’s (wêrfan minstens 2 yn de breedte) meitsje fan it boek (mei dyn bern) en/of it foarlêsritueel foar op ús website, yn ús webwinkel én op ús Facebook en Instagram. Sjoch ûnderoan dizze side foar trije fotografytips.
- In reviewtekst skriuwe dy’t wy op ús website sette kinne fan minstens 300 wurden.
- It mei sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk. Ast it yn it Frysk dochst, sil it noch troch ús neisjoen wurde.
- Alles binnen trije wiken oanleverje. (maile nei ynfo@heitenmem.nl)
It boek meist fansels hâlde!
Oanmelde
Oanmelde kin troch in mailtsje te stjoeren nei ynfo@heitenmem.nl.
Set yn de mail:
- Dyn foar- en achternamme en adresgegevens.
- It soarte boek datst graach teste wolst. (printeboeken, jeugdboeken, romans, dichtbondels ensf. sjoch foar ynspiraasje op websjop.afuk.frl)
- Yn hokker taal ast de blog skriuwe silst en ofst skriuwûnderfining hast.
- Ast graach berneboeken (foar)lêze wolst, set dan de leeftiiden (en bertedata) fan dyn bern yn de mail.
Sa’n ien kear yn de wike krije alle Afûkboekpanelleden in mailtsje mei de fraach wa’t oer in boek of produkt in resinsje skriuwe wol. Hâld dyn mail dus goed yn ‘e gaten!
—-
3 Fotografytips!
De resinsjetekst is belangryk, mar in pear moaie foto’s derby ek! Mar dat is somtiden in hiele keunst, dêrom jouwe wy dy hjirby 10 tips om moaie foto’s te meitsjen foar by de resinsjes.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: