heit&mem

De resinsje fan Hilde: It aldermoaiste bisteboek

x 2 mei 2020

We krije in ferrassing fan de Afûk oer de post. Wy meitsje it pakketsje iepen en fine dêryn ‘It aldermoaiste bisteboek, it beste bisteboek oait!’. In boek mei lûden en flapkes. Dat moat hast wol in súkses wurde!

It boek is yllustrearre mei foto’s fan bisten en is boppedat foarsjoen fan kleurige tekeningen. Op alle siden binne ferskillende flapkes te finen mei bisten derefter. Dêrneist sitte der fiif (meast biste-) lûden yn it boek.

It boek giet oer in pykje dat graach nei hûs wol. It pykje wit net wêr’t er is, hoe moat er dat no ha? De ko, de skiep, de baarch en it fôltsje helpe de pykjes it paad nei hûs te finen. Nei elke side komt der in pykje by. Stik foar stik kinst de pykjes telle, oant der fiif pykjes binne. De hoanne siket de pykjes en ropt hiel lûd: Kukelekuu!! Sa fine de pykjes har famylje. Efter it lêste flapke mei lûd hearst de lûden fan de hin, de pykjes en de hoanne.

Nei elke side komt der in pykje by.

Ik lês it boek foar oan ús dochters fan trije jier en alve moanne. Wy lêze thús in soad mei beide famkes. Boeken mei flapkes fine se altyd hiel moai. Dat treft, want dit boek hat in soad flapkes, in hiele ûntdekkingstocht. It boek is op rym skreaun, dat lêst moai foar. Foar pjutten is it tellen fan de pykjes in ynteressante oanfolling op it boek. Beide famkes witte al gau efter hokker flapkes de lûden sitte. De flapkes mei it lûd wurde hieltyd as earste omslein. De jongste leart de lûden te werkennen en besiket se nei te dwaan. De âldste telt alle bisten en foarwerpen dy’t se yn it boek tsjinkomt.

It boek falt by beide famkes tige yn ’e smaak. Troch de grutte siden fan karton kinne de famkes it boek ek sels ‘lêze’. ‘It aldermoaiste bisteboek’, in titel dy’t it boek mei rjocht drage mei!

Hilde van Kalsbeek, Warkum.

 

It aldermoaiste bisteboek is foar € 14,99 hjir online te bestellen.

-> Hilde is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!