heit&mem

Resinsje fan Sita: ‘It aldermoaiste Dinoboek’

Dieuwke van der Meer 25 februari 2019

Us âldste is krekt 3 jier wurden en hy is sljocht op dino’s. Wy wienen dan ek fuort entûsjast doe’t we seagen dat no krekt dát boek troch ús test wurde mocht!

It boek is hiel geskikt foar lytse ûntdekkers. In stik as wat flapkes per side meitsje de spanning grut. Wat soe der dochs achter de stam lizze? En wêr binne de lytse dino’s keard? De flapkes meitsje it ek foar de lytskes leuk. Us jongste, fan krekt in jier, fynt it machtich om se alle kearen iepen en ticht te dwaan.

It makket it foarlêzen ek fuort ynteraktyf. De bern wurde om samar te sizzen meinaam troch it boek troch ferskate opdrachten. Dêrneist is it boek ek nochris reuze ynformatyf. It uterlik fan de dino’s wurdt goed beneamd, mar ek bygelyks har ytgewoanten.

Mei (foar)lêzers dy’t noch net sa thús binne yn de dinowrâld is ek rekken hâlden yn it boek. Want ja, hoe sprekke je ‘Triceratops’ no eins út? Is it tri-SE-ra-tops, of dochs tri-se-RAA-tops? It boek biedt útkomst troch de lettergrepen en de klemtoan(en) oan te jaan. Foar wa’t no nijsgjirrich is oft er it goed útsprekke soe: it is tri-se-RAA-tops. Sa, dan hoege jo dêr fannacht net mear wekker fan te lizzen.

Wat ús âldste noch wol it aldermoaiste oan dit ‘beste dinoboek oait’ fynt, binne de gelûden dy’t reagearje op ljocht. Dit boek kinst dus it bêste by deiljocht lêze. Of mei in bûslampe derby fansels, dat makket it ekstra spannend!
Noch efkes in tip fan ien mei ûnderfining: foardatst begjinst mei (foar)lêzen it knopke op de achterside fan it boek al even op ‘on’ sette, oars silst sels de gelûdseffekten fersoargje moatte … 😉

Sûnt we dit boek hawwe, krûpe hjir hieltyd faker twa lytse dino’s oer de flier. Mei lûden, net fan echt te ûnderskieden … (Foar)lêze op eigen risiko dus!

 

It aldermoaiste Dinoboek is foar €14,99 hjir online te bestellen of freegje der nei yn dyn boekhannel.

-> Sita is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

~

Sita Hietkamp-Sangers, Kollumersweach
Mem fan Wiebren (3) en Sipke (1)
Sljocht op boeken, (foar)lêzen en taal yn it algemien

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.