heit&mem

Boekresinsje fan Amanda: ‘It aldermoaiste Trekkerboek’

x 17 juli 2019

Us beide jonges binne sljocht op trekkers en alles wat mei trekkers en de buorkerij te krijen hat, dus doe’t frege waard oft immen It aldermoaiste Trekkerboek foarlêze woe, wiene wy daalks entûsjast.

De mannen ha it boek earst sels ris efkes besjoen en alles ûntdutsen wat ûnder de flapkes sit. Jûns ha we it meielkoar lêzen.

Op elke side binne in oantal flapkes mei dêrûnder bisten ferstoppe. Us Ydwer (2) seit noch net safolle, mar alle bistelûden ken er wol en dat kinne we moai oefenje mei it boek. Ek sit der op elke side in flapke mei in lûd derûnder fan ’e trekker, de toeter fan ’e trekker, mem ein, it hynder en de ûle dy’t wekker wurdt as de trekker sliepen giet. Dat wurket op it ljocht, dus soms moatte je it boek efkes sa draaie dat der genôch ljocht op it eachje falt.

Rymer (5) fynt it boek ek noch tige nijsgjirrich. Der sitte boppedat in pear telopdrachten yn, en fansels telle we sels ek noch efkes alle kij en skiep yn ’e greide.

It boek fertelt fan de trekker dy’t de hiele dei oan it wurk is. Mei in heit dy’t by it leanbedriuw wurket, wit Rymer wol watfoar masines de trekker brûkt. De oanhinger, de siedmasine, de ploech en de foarlader komme oan bod. Op side 5 en 6 is it krekt as sitte je sels yn ’e trekker te stjoeren en sjogge je alles fanút ’e trekker. En op de lêste siden gean de trekker en de bisten sliepen en de bern ek.

It boek wurdt oerdei en jûns gauris pakt om te besjen. Wy binne der hiel wiis mei.

Seker witte it beste trekkerboek oait!

Troch Amanda Binnema út Minnertsgea

‘It aldermoaiste Trekkerboek’ is hjir foar € 14,99 online te bestellen of freegje der nei yn dyn boekhannel.

 

-> Amanda is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!