heit&mem

De resinsje fan Wytske: ‘Sipke fynt in ljipaai’

x 9 mei 2020

De maitiid begjint, de sinne skynt, de blommen komme wer tefoarskyn en de fûgels fluitsje. It duorret net lang of de earste ljippen komme werom nei Fryslân. Wy kinne ljipaaisykje! In prachtige Fryske tradysje dy’t spitigernôch troch regeljouwing hieltyd lestiger wurdt om út te fieren.

Wat moai dat Lida Dijkstra in berneboekje oer dy Fryske tradysje skreaun hat. Sa kinne wy alle Fryske, mar ek alle Nederlânske bern fertelle oer it aaisykjen. Sipke de lytse pipermûs giet tegearre mei syn pake it lân yn om te aaisykjen. De âlde pet op ’e holle en in kiker en de polsstôk yn ’e hân. Op learzen strune pake en Sipke troch it lân. Ynienen sjocht pake dat in ljip achter in roek oan sit! Dat is in goed teken, der is in nêst yn ’e buert!

Wa’t each en hert hat foar de natoer, dy is skathimelryk!

Hja sykje en sykje en dan ynienen fynt Sipke in ljipaai. It is de earste fan it jier! Hy is út ’e skroeven en wint jild, in oarkonde en in byldsje. De moannen dêrnei past Sipke goed op it nêst en letter op de pykjes. Yn de hjerst ferlitte de ljippen it Fryske lân wer, mar Sipke hâldt tegearre mei pake noch hieltyd alle fûgels goed yn ’e gaten fanút de fûgelhut.

Dit gouden boekje is skreaun op rym en it ferhaal wurdt stipe troch prachtige tekeningen fan Harmen van Straaten. In lust foar it each en poer geskikt foar (jonge) bern. Ik ha it boek foarlêzen oan myn neefke Hidde. Hy wennet sels op in buorkerij en is it leafst de hiele dei bûten. Hy hat fol ferwûndering harke nei it ferhaal fan Sipke. Wy hawwe de platen goed besjoen en tegearre de aaikes en de fûgels yn de loft teld.

Om’t it ferhaal op rym is, is it foar bern maklik te folgjen. Doe’t it ferhaal út wie, pakte Hidde de kiker fan heit. Foar it rút hat er hiel lang mei de kiker nei ljippen socht. Spitigernôch lieten de ljippen har dy deis net sjen, mar lykas pake yn it boek seit: “Wa’t each en hert hat foar de natoer, dy is skathimelryk!” En sa is it mar krekt!

 

Wytske Jongbloed út Wytgaard
Wurksum as logopedist binnen it spesjaal ûnderwiis

 

It boek ‘Sipke fynt in ljipaai’ is foar € 9,99 hjir online te bestellen.

-> Wytske is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!