heit&mem

De resinsje fan Antje: ‘Sipke fynt in ljipaai’

x 11 maart 2020

Boekresinsje Sipke fynt in ljipaai / Sipke vindt een kievitsei.
It tredde printeboekje oer Sipke Pipermûs dat yn de Gouden Boekjes-rige útbrocht is.

“Wa’t each en hert hat foar de natuer, dy is skathimelryk!”
Pake Foeke, de pake fan ús bern, wie in ferwoeden en betûft ljipaaisiker.
Spitich genôch ha ús bern pake Foeke net kend, mar och wat koe dy man prachtich fertelle oer de natuer en it aaisykjen.

En no ha ik it boekje fan Lida Dykstra mei de titel “Sipke fynt in ljipaai” foar my en komme al dy ferhalen fan pake Foeke my wer yn ’t sin.
It is in prachtich lyts printeboek mei sfearfolle yllustraasjes en it giet oer in pipermûs dy’t te ljipaaisykjen giet mei syn pake.

De tekst is op rym, en de wurden dûnsje dan ek út je mûle as je oan it foarlêzen binne.

De Fryske tekst en de útdrukkingen dy’t deryn stean, passe alhiel by it aaisykjen.
En it bysûndere is dat de tekst ek oerset is yn it Nederlânsk.
De tekst is op rym, en de wurden dûnsje dan ek út je mûle as je oan it foarlêzen binne.

Ik nim it boekje mei nei skoalle.
Om de bern fan groep 1 en 2, fan It Iepen Finster yn Achlum, mei te nimmen yn de wrâld fan de ljip, ha ik master Klaas, ek in betûft aaisiker, frege om dêroer te fertellen.

Master Klaas hat in opsette ljip mei, in ljipaai en ek in kiker en in pet. “Ik bin Libbe Ljip en ik wol jim wat fertelle.”
De bern ha fuortendaliks alle oandacht. Wat kin master prachtich fertelle!

Dêrnei ferstoppet master it ljipaai yn de tún by skoalle.

Alle bern dogge de hannen op ’e rêch en strune it skoalplein oer.
En ja hear, Tsjerk fynt it ljipaai. Hy hat it earste ljipaai fan Fryslân fûn!

Dan lêst master it printeboekje noch foar oan in lyts groepke bern.
It tafal wol dat op dyselde dei Lida Dykstra ek noch by ús op skoalle is as berneboeke-ambassadeur.

Lida fertelt dat se graach wol dat troch dit boekje by bern it fjildgefoel weromkomt.
Krekt sa as sy dat hat, en har heit en fiif broers dat eartiids hienen.

Dat is mei dit printeboek seker slagge.

Foar yn it printeboek stiet: “Ta de neitins fan ús heit, Wietze Atze Dijkstra (1909-1991)” −
“Fjildman yn ieren en sinen.”
Mar ik kin it net litte, dit prachtige printeboek is foar my ek ta de neitins fan ús pake Foeke.

 

Antje Feenstra, Tsjummearum

 

It boek ‘Sipke fynt in ljipaai’ is foar € 7,99 hjir online te bestellen.

-> Antje is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!