heit&mem

Boekresinsje fan Aukje-Tjitske: ‘It sjaaltsje’

x 5 februari 2020

Yn It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen binne tsien ferhalen fan Hylkje Goïnga bondele. It binne âlde ferhalen – Goïnga libbet net mear – mar dat makket dit boek hielendal net âldfrinzich. Ik fernuvere my der bytiden oer hoe’t yn guon ferhalen ûnortodokse tinkwizen oer houlik en relaasjes in rol spylje, wylst se dochs skreaun binne yn in tiid wêryn’t skiedingen amper foarkamen.

Wat ik hiel knap fyn oan ’e ferhalen is dat se hiel natuerlik oerkomme. Sa komme der gewoane hûs-tún-en-keukendetails yn foar, lykas in lading sân ûnder in matte of it waskjen fan fitraazjes, en prate de personaazjes hiel natuerlik, ek oer de lytste dingen, lykas bygelyks de fraach wêr’t it húske is. Mar by neier ynsjen hat Goïnga fansels oer elk wurd goed neitocht, wêrtroch’t se in ferhaal krekt de goeie sfear meijaan koe. Benammen troch dat gewoane kamen de absurde of op syn minst opmerklike situaasjes yn dizze bondel hiel oannimlik op my oer. Sinnen lykas ‘Ik siet wat te krantlêzen en no haw ik de goede bril noch net wer opsetten, mar hast har fermoarde?’ meitsje in ferhaal hiel sterk.  

Ik ha de goeie bril net op, mar hast ien fermoarde?

It personaazje Martha komt yn meardere ferhalen foar. Sa is hja de persoan dy’t in praatsje hâlde moat op in jûn fan wat wierskynlik in frouljusferiening is – ‘se moatte wol even laitsje kinne’, krijt se as opdracht mei – en dan de fraach foarleit wa’t in asylsiker yn ’e hûs nimme wol. In masterlik ferhaal, want laitsje dogge se, as in boer mei pinemûle. Yn in oar ferhaal is Martha de echtgenoate fan de man dy’t der iepenlik in freondintsje op nei hâldt, wylst se yn wer in oar ferhaal sels dejinge is dy’t yn alle iepenheid útliend wurdt oan in oar. Mar oft se mei beide situaasjes no sa lokkich is?

Guon ferhalen meitsje de lêzer oan it laitsjen (‘sollisitaasjebrief’ bygelyks) en oare ferhalen litte jo jin fernuverje oer in brike situaasje, mar der wienen ek twa ferhalen dêr’t ik stil fan waard. Wat te tinken fan in persoan dy’t te krijen hat mei it bist fan iensumens en in oar bist djip yn harsels, of it personaazje dat wol psygoatysk liket en net wit oft se ien no wol of net fermoarde hat mei in sjaaltsje?

It is lestich om wat djipper op dizze bondel yn te gean sûnder de ein fan in ferhaal te ferklappen. Yn dy ein sit nammentlik gauris de omkear, it fenyn of de ferrassing. Der sit mar ien ding op: lekker sels lêze, dizze ferhalen fan Hylkje Goïnga.

Aukje-Tjitske Dieleman-Hovinga

 

It boek ‘It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen’ is foar € 7,50 hjir online te bestellen.

-> Aukje-Tjitske is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!