heit&mem

Boekresinsje fan Maaike: ‘In hûs foar Harry’

x 8 juli 2019

Wat wienen wy bliid mei it boek In hûs foar Harry. Us Jacob (3 jier), Amarins (4 jier) en Wessel (6 jier) ha gelyk it boek útpakt en binne begûn te lêzen.

Harry, de kat yn it ferhaal, sit altiten binnen. Oant hy op in dei Yfke, de flinter, fleanen sjocht. Yfke wol graach mei him bûten boartsje. Harry giet nei bûten en dêr ûntdekt er mei Yfke de wrâld. Mar ek hoe’t oare minsken libje en wenje. Rychjeshuzen, lege huzen, hege huzen, se binne der allegearre. Harry rekket Yfke kwyt en kin syn hús net mear fine, hy is ferdwaald. Gelokkich makket er gau freonen en syn nije freonen helpe him om Yfke wer werom te finen.

Wy ha mei syn allen betocht watfoar huzen wy allegearre sjogge. En wêr wenje wy eins sels yn? En de freontsjes? Nichtsjes en neefkes? In rychjeshús, frijsteand hús en in pleats kamen allegearre foarby. En wêrom ha wy eins in hús? Mei alle snie en iis fan de lêste winters is in waarm hús wol hiel fijn!

De gratis app dy’t ek te downloaden is, is in echte oanwinst! It ferhaal wurdt moai foarlêzen at de bern de tablet boppe it boek hâlde. Sa kinne de bern sels mear mei it boek dwaan en pakke se by ús thús it boek ek faker. Op in pear bledsiden kinne de bern klikke en dan komt it boek noch mear ta libben. Allinne jammer dat it boek yn de app net yn it Frysk foarlêzen wurdt!

In kat dy’t altiten binnen sit, dat kin neffens ús bern net! Bûten boartsje en de wrald ûntdekke, dat dogge wy as gesin hiel graach!

It boek ‘In hûs foar Harry’ is foar €15,99 hjir online te bestellen of freegje der nei yn dyn boekhannel.

Troch Maaike Koornstra út Sint Jabik.

-> Maaike is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.