heit&mem

De resinsje fan Pieter: ‘It sjaaltsje’

De resinsje fan Pieter: ‘It sjaaltsje’

x 9 januari 2020

It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen: “Allereigenaardichst”

Hylkje Goïnga wie in skriuwster út Fryslân, Snits. Se is foaral bekend wurden troch har koarte ferhalen. Tsien fan dy ferhalen binne no sammele yn it moaie boekje ‘It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen’.

Sels ha ik it lêzen yn de krystfakânsje 2019, de ferhalen net achter elkoar oan, mar alle dagen ien ferhaal. Dat makket it ta in echt krystfakânsjeboekje, seker om’t in pear ferhalen har ek ôfspylje yn de tiid om de krystdagen hinne.

It is in moai boekje fanwege dy ferhalen, se lêze maklik. En dêrmei lit ik daliks ien fan de keunsten sjen dy’t Hylkje yn har skriuwen hie. Maklik lêsber skriuwe kinne is in keunst.

It giet yn alle tsien ferhalen om situaasjes dy’t elk him yntinke kin. Dy’t jo en my oerkomme kinne. Dat gegeven, neist de maklike lêsberens, makket de keunst noch wat grutter.

 

Yn de ferhalen is meastentiids Martha de haadrolspylster. It giet net yn alle ferhalen om deselde Martha. Martha har man fynt in grien bledsje, mar dat blykt it ek net te wêzen. Martha har mem is yn in oar ferhaal in eigenwiis mins. Se mei mem net lije. Martha giet op paad mei Marc, is dat no wier as dochs Jaap dy’t noch thús sit.

It is in moai boekje fanwege dy ferhalen, se lêze maklik.

It binne in pear foarbylden út de ferhalen yn dit boekje. Se binne alledeisk, wy kinne ús der allegear in byld fan foarmje hoe’t wy sels dwaan soene yn sokke situaasjes. En dan komt de wiere keunst fan Hylkje Goïnga om ’e hoeke. Nammentlik de fernuvering, de stap ekstra yn it hanneljen fan de haadpersoan út de ferhalen. Soms is dy sa krigelich makke, sa ta it uterste dreaun, dat der dan wat bart dat yngripend is yn it libben fan dy haadpersoan, yngripend ek foar it fierdere libbensferrin fan de haadpersoan.

En at jo dan witte dat jo de situaasjes út de ferhalen sels meimeitsje kinne, dat se sa skreaun binne dat wy as lêzer ús dêryn yntinke en ynlibje kinne, dan witte wy ek wêr’t elk fan ús ta yn steat wêze kin. Lit it mar moai by it yntinken bliuwe, genietsje fan de moaie ferhalen en fan de skriuwerskeunst fan Hylkje Goïnga.

Hylkje is sûnt maaie 2001 net mear ûnder ús. Dêrboppe ergens sil se fêst in moeting hân ha mei Roald Dahl en fan him in skouderklopke krigen ha, mei it komplimint: “Goed dien Hylkje!”

 

Pieter Zuidema út Dokkum

It boek ‘It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen’ is foar € 7,50 hjir online te bestellen.

-> Pieter is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!