heit&mem

Boekresinsje fan Amanda: ‘Myn moaiste mearkes’

x 16 januari 2020

De freeds foar de fakânsje wurdt in dikke slúf besoarge mei it boek ‘Myn Moaiste Mearkes’ deryn. In hiel dik boek, mei in prachtige sprookjesachtige foarkant, mei elfkes, glitters en in donker kastiel derop.

De wike dêrfoar hiene we op it Lemster Dickensfestival west en dêr ha we troch it sprookjesbosk rûn, ús Rymer (5) fûn dat machtich en wie foaral bot ûnder de yndruk fan de wolf en readkapke. Dus dat wie it earste mearke dat wy lêzen ha yn ús nije boek.

It ferhaal is op in leuke wize skreaun en troch alle tekeningen derby poer geskikt foar beukers. It is grappich skreaun en wykt soms wat ôf fan hoe’t it orizjinele mearke skreaun is. Readkapke stroffelt oer de wolf en bringt grientesop by beppe. Neffens my brocht se koekjes, mar just dy lytse dinkjes meitsje it ferhaal wol hiel leuk en grappich.

Yn it boek stean tsien mearkes, bekenden sa as Readkapke, Dreamroaske, Beltsje en it Bist, De Kikkertprins, Jiskefetsje (dat is Assepoester, wat in grappige Fryske namme, dat ha ik nea witten) en de Nije klean fan ’e Keizer en ek in pear dy’t foar ús net sa bekend wiene: De Keizer en de Nachtegaal, De Drakeskilder, De Elfkes en de Skuonmakker en de Swanneprinsesse.

Just dy lytse dinkjes meitsje it ferhaal wol hiel leuk en grappich.

De ferhalen binne skreaun troch ferskillende skriuwers en ek de tekeningen binne makke troch ferskillende yllustratoaren. De iene tekening is wol moaier as de oare, fine wy.

As ik Rymer freegje hokker ferhaal hy it moaiste fynt, seit er: “Dat fan Piter.” Piter is de heit fan Beltsje út it mearke fan Beltsje en it Bist, en hy rydt op syn hynder yn in tichte mist en komt by in kastiel dêr’t allegear nuvere dingen barre oant hy in roas plukt en it Bist ferskynt. It Bist is lilk dat Piter samar in roas fan him stelt en as er heart dat Piter in dochter hat, moat hy syn dochter nei it Bist ta stjoere, oars sil Piter deagean. Lokkich eindiget it ferhaal mei dat Beltsje en it Bist trouwe en it Bist feroaret yn in knappe Prins … en se libben noch lang en lokkich.

‘Myn Moaiste Mearkes’ is in moaie oanfolling foar ús boekekast en hiel geskikt foar bern om foar it earst yn ’e kunde te kommen mei mearkes.

Wy sille der noch in protte yn lêze en miskien nim ik it boek ek wolris efkes mei nei skoalle om foar te lêzen oan ús groep 2.

Troch Rymer en Amanda út Minnertsgea

 

It boek ‘Myn moaiste mearkes’ is foar € 17,50 hjir online te bestellen.

-> Amanda is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!