heit&mem

Boekresinsje fan Elisabeth: ‘Tûzen wurden’

x 15 april 2019

Tûzen wurden is in prachtich boek om mei de bern mei wurden oan ’e slach te gean. It begjint al mei de foarkant, dy’t útnoadiget om te sykjen nei de plaatsjes. Yn it boek steane allegear grutte detaillearre tekeningen, ferdield oer twa siden, dy’t hieltyd in tema útbyldzje. Yn it ramt dêromhinne wurde ûnderdielen út de tekeningen nochris apart delset, mei it Fryske wurd derby.

Dêrtroch leare bern op in boartlike wize de wurden by de tekeningen. Ferskate tema’s komme oan bod, lykas: de tún, de strjitte, de boartersguodsaak, it park, bisten, de buorkerij, op skoalle, ikke, kleuren en telle. 

Fanôf bledside 56 folget in wurdlist. Dêr steane de Nederlânske, Fryske en Ingelske beneamingen fan de wurden, mei dêrachter de bledsiden dêr’tsto se fine kinst. Sa kinsto trijetalich oan ’e slach mei dit boek.

Ik ha it boek besjoen mei myn soan Sikke Walter (2,5) en Faya (3), de dochter fan myn suster. Ik begûn mei de plaat yn ’e hûs, en frege oft hja de krante ek seagen. Dêrnei kamen alle foarwerpen oan bod, mar ek wat hja fierder seagen op de plaat. Der leit bygelyks immen te sliepen (dat fûnen de bern hiel grappich en hja moasten dêrom laitsje), der sit immen yn bad en der stiet immen te toskpoetsen. De plaat ‘ikke’ fûnen de beide bern prachtich en hja koene ek hiel goed oanwize wêr’t alles by harrensels siet. 

Koartsein, dit boek nûget út om oan ’e slach te gean mei de Fryske wurden en is geskikt foar jong en âld. 

 

Elisabeth Werkhoven-van der Vegt út Ljouwert

‘Tûzen wurden’ is foar € 14,95 hjir online te bestellen of freegje der nei yn dyn boekhannel.

-> Elisabeth is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!