heit&mem

Wolsto graach in tekst of gedicht op it Frysk nei sjen litte? Mail de tekst nei ynfo@heitenmem.nl en wy sjogge it fergees foar jim nei!

Sjoch foar Fryske routeksten en -gedichten it boekje ‘Foar altyd yn ús hert‘.
Sjoch foar houliks- en leafdesgedichten it boekje ‘Leafste leave‘.

 

Albumferske foar ús famke:
blommen bloeie en bin moai,
fûgels sjonge en bin bliid,
mar, do bist in minskebern.
As it stoarmet ferwaait de simmerbloei,
as it wintert ferklûmje de fûgels,
mar, do bist in minskebern.
Stean sterk as de stoarmen komme,
kear de winter mei dyn waarmte,
want, do bist in minskebern.

Alders
It is altyd it selde,
Alle kearen op ‘e nij,
Rûzje mei myn âlders,
Hast elke dei.

Ik mei neat fan dy twa.
Ja, ik kin sliepen gean,
As of dat wol, of sa.
Dat dit soarte fan âlders bestean.

In leuk mobyltsje? Dat sil wol net meie.
In moaie tas? Dy silst wol op de oare skoalle krije.
In gouden ring? Dat giet te fier!
In nije klok ha ik nedich! Dizze ha ik al 9 jier!

En merkklean dan?
Dy binne fierstente djoer!
As se dy priiskaartsjes sjocht…..
Oei, dan wurdt se oerstjoer!

Harren kleansmaak is my net nei it sin.
Moast ris sjen hoe’t se der byrinne.
Mei dy âlde beppeklean.
It is omdat it myn âlders binne.

Mar ik bin it al tiden sêd.
Al fanôf juster.
Ja, ik moat wer op tiid op bêd,
En altyd thús wêze foar it tsjuster.

Sa no en dan kinne we it wolris gesellich deroer ha,
Mar dat is samar foarby.
Dan begjinne se wer oer myn minne kanten of sa,
Soene der ek bettere âlders wêze dan dy fan my?

Jildau v/d Mey
Winner gedichtewedstriid 2008

As dûnkere wolkens driuwe
of as it sintsje skynt
as ’t jild dy samar tastreamt
of as’t as snie ferdwynt
as ’t lok dy altyd oansjocht
of it ûnk dy efter sit
as ’t altyd fol fan moed bist
of as dy dat ûntsjit
al stiet by fleur of lijen
de wrâld ek op ‘e kop
al hast yn ’t fierdere libben
in gelokje of in strop
ien ding moatst net ferjitte
al wurdst ek 1000 jier
wij hâlde dy foar eagen
as ús famke sûn en blier!

Thys Woudstra

Do bist leaf, seit jim heit
soms
do bist stout, seit jim mem
soms
do wurdst grut, tinke se beide

Grut wurde is moai
grut wurde is fertriet ha
en leaf ha
leare en begeare, nimme en jaan
dyn neiste mear
as dysels
de bêsten en de kweaden
de dommen en gelearden
want allegear hawwe ferlet
fan leafde
fan dyn en myn hert

Oene Spoelstra
(Ut: “De Fryske skriuwerskalinder, 1976)

Do hast it libben no noch foar dy,
en witst net wat it bringe sil;
dat is ek goed – mar watsto hân hast
yn ’t berteplak sa lyts en stil.

Wêr Mem dy yn‘e ruften wuolle
en Heit dy op‘e knibbel ried.
Wêrst opwoechst en as minske foarme
gjin soargen hiest, gjin grut fertriet.

Dat is dy net mear te ûntnimmen.
Ferjit dy tiid foar ivich net.
Dat wie de grûnslach foar dyn takomst,
op libbensskaekboerd de earste set.

En bisto ienkear âld, fertel dan
dyn bernsbern faaks, helje dan op
dy ûnbesoarge bernejierren,
fêr tusken Itens en de Bargekop.

Omke Klaas Hofstra
29-08-1948

Do stiest no noch foar it libben,
’t is alles noch sa moai.
In jeugd fol fleur en sinne,
in wrâld fol blommetoai.
Ik ried dy oan myn famke
nim goed dyn jonkheid mei,
want neat giet yn it libben
sa bjuster gau foarby.
Mar wêrst ek letter swalkest
of wêrt dyn fuotten gean,
dyn âldershûs, dyn thús
sil jimmer iepen stean!

Thys woudstra.
15-11-’61

hjir is in ferske foar myn famke,
do bist no hast … jier.
Soms sa dartel as in lamke,
en altiid like bliid.
Skylk ast do grut bist,
en it altiid net goed wist.
Doch dan wat dyn hert dy ynjout,
dan is it ek nea fout.

In ferske skriuw ik hjir foar dy,
kinsto dit noch wol lêze?
Want do praatst soms hiel oars as ik,
dochs wol ‘k dyn pake wêze.

Do hast in oare wurdeskat,
ik kin net sms’e
en leare wol ‘k it ek net mear,
want ik wol net wer stresse.

Do bist de hiele dei mobyl,
ik moat dêr net oan tinke.
Mar as ik yn dyn eagen sjoch,
dan kin ‘k dêryn ferdrinke.

Sa grutsk bin ik, ast dat mar witst,
datsto myn pakesizzer bist.

Jelle Bangma
(Ut: “Fiif dogeneaten yn in sok”, Ljouwert 2004)

Katsje klaut
hûntsje knaut
michje stekt
kopke brekt
gatsjes komme yn ‘e hoas
mar dyn mem docht hiel wat oars!
Mem skriuwt: Berntsje, dit stiet fêst,
hasto soarch of noed of lêst
hâld de koartswyl der mar by
en begjin mar wer opnij,
dan giet alles folle better,
letter.

Diet Huber
(Ut: “Fryske Poesyalbumferskes”, Ljouwert 1979)

Op ‘e wjukken fan ‘e wyn
stjoere wy dy in trompke,
der sitte de bêste winsken yn
fan muoike en fan omke.

Diet Huber
(Ut: “Fryske Poesyalbumferskes”, Ljouwert 1979)

Tsjerke heart by toer
De pleats heart by de boer
De slachter hat in slachterij
De bakker bakt der broadsjes by
Bôle heart by sjem
En …… heart by mem

Wat bisto leaflik famke
wy binn’ sa bliid mei dy.
Krol hier om ’t sêfte kopke
hoe mâl is mem mei dy.

Dyn moaie reade wankjes
om yn te biten, ja.
De lipkes ree ta patsjen,
dêr ik noait genôch fan ha.

En sjoch ik yn dyn eagen
fol gouden sinneskyn,
by dy is mem noch alles
ik fyn al myn lok deryn.

Ast sjongst fan skiep en lamkes
fan bûterblomkes giel,
of boartest mei de famkes
hoe lokkich ik my dan fiel…

Wat sil beppe no ris skriuwe
yn dit albumke fan dy?
‘Silst in aardich famke bliuwe’
of: ‘Do bist in pop fan my?’
Wize wurden? Goede rie?
Hoe’t sy sels de dingen die?
Nee, mar net. My tinkt, dat ’s better,
do moatst alles sels dwaan, letter.
Hâld it holtsje der mar by,
dan komt it wol goed mei dy!

Troch Diet Huber
(Ut: “Fryske Poesyalbumferskes” Ljouwert 1979)