heit&mem

Lêstip fan Keimpe april 2024: Ik wol in bosk op ‘e jierdei

Dieuwke van der Meer 3 april 2024

 

‘Ik wol in bosk op ‘e jierdei’ is de lêstip fan Keimpe fan de moanne april!

‘Ik wol in bosk op ’e jierdei’ is in betsjoenend printeboek fan auteur en yllustrator Linda de Haan. In fleurich printeboek oer de magy fan beammen en dreamen dy’t útkomme.

Linda waard ynspirearre troch it projekt BOSK yn Ljouwert, wêrby’t mear as 1000 beammen in rûte troch de binnenstêd ‘kuieren’. Yn it ferlingde fan Bosk, dêr’t Linda seach hoe’t bern genieten en boarten tusken de beammen fan it kuierjende bosk, nimt se ús mei op aventoer. Sy stelde harsels de fraach: “Hoe kin ik de ynspiraasje, de ferwûndering en de ynformaasje fan Bosk as byldmakker fêstlizze en trochjaan oan jonge bern en harren âlden en pakes en beppes?”

It ferhaal
Simke hat in beam op ’e jierdei frege, dat liket har in moai kado. Bern by har út ’e klasse sizze dat dat net kin, dat in beam in stom kado is ast op de twadde ferdjipping wennest.

Dat sille we noch wolris sjen, tinkt Simke. Se docht gau in winsk yn it moanneljocht en skriuwt – foar de wissichheid – in brief oan de boargemaster. As Simke op in dei wekker wurdt, sjocht se skimen fan tûken en blêden. Is har winsk útkommen, of dreamt se noch?

De hiele strjitte komt ta libben: in keunstner fertelt oer de kleuren en de foarmen fan de beammen en de blêden, heit lêst foar op it balkon, der wurde beamhutten boud en bern boartsje ferstopperke. Simke soe o sa graach wolle dat it bosk foar altyd yn har strjitte bliuwt, mar kin dat wol?

‘Ik wol in bosk op ‘e jierdei’ fan Linda de Haan is foar € 16,99 hjir online te bestellen yn de Afûk websjop!

By útjouwerij Ploegsma yn Amsterdam is tagelyk de Nederlânske ferzje ferskynd ûnder de titel: ‘Ik wil een bos voor mijn verjaardag’.

Resinsje fan Hilde: “It boek jout romte om fierder te praten oer dreamen, winsken en de natoer”.

Foar ús leit it prachtige printeboek ‘Ik wol in bosk op ’e jierdei’. It boek is ynspirearre op it kuierjende Bosk, in projekt fan Arcadia dat yn de simmer fan 2022 yn de binnenstêd fan Ljouwert plakfûn hat. Ik lês it boek foar oan Else (4) en Marij (7).
It boek giet oer Simke. Simke is hast jierdei en freget har heit om in beam op ’e jierdei. Ek Simke har heit tinkt nei oer hoe’t er oan de winsk fan Simke foldwaan kin. Hy stelt Simke foar om in beam op har sliepkeamerdoar te skilderjen of har jierdei yn it bosk te fieren. Mar Simke wol graach in echte beam foar it rút. Simke kin der net fan sliepe. Troch it rút knypeaget de moanne nei Simke. Sy docht in winsk en se skriuwt in brief oan de boargemaster. As Simke wekker wurdt is it bûten stiller as oars. Dreamt se noch? Simke en har heit dogge de gerdinen iepen. Dan sjogge se dat der in bosk stiet! De hiele strjitte is grien. Simke har winsk is útkommen!

By it iepenslaan fan it boek is yn trije talen in pakkende spreuk te lêzen: ‘Ast net wekker leist fan dyn dreamen, dan binne se net grut genôch’. It boek jout romte om fierder te praten oer dreamen, winsken en de natoer. It boek is yllustrearre mei moaie tekeningen yn frisse kleuren dy’t goed oanslute by it ferhaal en de emoasjes dy’t it ferhaal oproppe troch de winsk fan Simke, de magy en de ferbining dy’t it bosk jout yn de strjitte fan Simke.

Else koe net genôch krije fan it ferhaal, we lêze it boek elke jûn wer opnij. Mar ek Marij hat mei wille meilústere. Koartom tige oan te rieden! Seker ek leuk foar minsken dy’t eartiids it projekt fan it kuierjende bosk besocht hawwe. Wat ús oangiet in plaatsje yn de boekekast!

Skreaun troch Hilde van Kalsbeek, lid fan it Afûk Boekpanel
Mem fan Else (4) en Marij (7)

/////////////////////////////////////////////////

In oade oan de bosk
– Linda de Haan fertelt oer har nije boek ‘Ik wol in bosk op ’e jierdei’

It kuierjende Bosk bestiet echt! Bosk wie in projekt fan Arcadia, betocht troch Bruno Doedens. Mear as tûzen beammen kuieren yn de simmer fan 2022 troch de binnenstêd. ‘Ik ha altyd al wat hân mei lânskipsarsjitektuer’, fertelt Linda. ‘Beammen ynpakke as in jierdeikadootsje is fansels in fantastysk idee, mar neat is ûnmooglik.

‘No’t ik fia Seewyn (keunstedukaasje) mei de kultuerlessen op basisskoallen kom, fernim ik dat hast alle bern wol in beam witte te stean dêr’t se wat mei hawwe. Se gean fuort “oan” as ik oer it bosk begjin.’ Dat fernuveret Linda net. Mar bewustmeitsjen is ek ien fan har missys mei it boek. Linda: ‘Fansels kinst dit boek lêze as in fleurich “grien” ferhaal oer in famke dat in beam op ’e jierdei freget, mar stikem hoopje ik dat ik foarlêzers en bern oantrúnje om te boartsjen mei skaad, te fielen oan de bast of de bledsjes, of in jierdeifeestje yn it bosk te hâlden. It is in oade oan de beam en de natuer.’

Linda besiket altyd wat ekstra’s yn har boeken te ferstopjen. ‘Ik wol altyd én, én, én’, seit Linda. ‘Ik wol graach dat it in leuk ferhaal is om foar te lêzen, mar ik wol minsken ek graach wat meijaan. It belibjen fan de natuer bygelyks. Mar kinst it boek ek brûke as útnûging om fierder te praten mei bern.’

/////////////////////////////////////////////////

Lês it hiele ynterview mei Linda de Haan hjir.

 

Ynsjochfilmke!

 

Filmke ‘Wat tekenje ik?’
‘Wat tekenje ik?’ oer in jierdei yn in bosk.


 

Boeketip!
Mear lêze oer de bosk? Lês it boekje ‘Tomke nei de bosk’!
Yn Tomke nei de bosk is it hjerst. Yana Yu komt mei in pear pompoenen by Tomke. Dêr kinne se it hûs moai mei fersiere!
Kornelia nimt harren mei nei de bosk om noch mear moais te sykjen. Bledsjes, ikels, kastanjes… Wat in moaie kleuren! Wat kinst dêr allegear mei dwaan?

It boek ‘Tomke nei de bosk?’ is foar €6,50 hjir online te bestellen!

Nifelje: Tekenje mei tûkjes
(klik op it plaatsje foar download.)
Bosk-Bingo
(klik op it plaatsje foar download.)

 

Ferhaaltsje: Rinne  yn ‘e sinne
(klik op it plaatsje foar download fan it hiele ferhaaltsje. (PDF))

Sels ferve meitsje mei kleuren út de natuer
(Klik op it plaatsje foar download mei de hiele útlis. (PDF))

Mear witte oer Keimpe? Sjoch op Keimpe.frl!

Wistest dat der ek in prachtige Keimpe-hânpop-knuffel te keap is?

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.