heit&mem

In oade oan it bosk

Ciska Noordmans 27 maart 2024

Linda de Haan fertelt oer har nije boek Ik wol in bosk op ’e jierdei, dêr’t tagelyk ek in Nederlânsktalige ferzje fan ferskynde: Ik wil een bos voor mijn verjaardag.

It kuierjende Bosk bestiet echt! Bosk wie in projekt fan Arcadia, betocht troch Bruno Doedens. Mear as tûzen beammen kuieren yn de simmer fan 2022 troch de binnenstêd. ‘Ik ha altyd al wat hân mei lânskipsarsjitektuer’, fertelt Linda. ‘Beammen ynpakke as in jierdeikadootsje is fansels in fantastysk idee, mar neat is ûnmooglik. Tink mar oan de lânskipskeunstner Christo, dy’t beroemd wurden is troch it ynpakken fan de Pont Neuf yn Parys en de Rijksdag yn Berlyn. Ik fyn it hiel ynspirearjend om minsken oan te trúnjen oars nei harren omjouwing te sjen. Meastentiids kappe wy beammen om in hûs delsette te kinnen, mar wat as wy no ris in hûs om de beammen hinne bouwe?! Yn Bologna by de berneboekebeurs seach ik dat soks echt bart. It is in moai foarbyld fan de krêft fan keunst.’

Ik fernim dat hast alle bern wol in beam witte te stean dêr’t se wat mei hawwe.

Stikem hopet Linda ek dat har boek oare minsken ynspirearret. Dat se nei it lêzen tinke: ferhip, it bosk yn, dat is altyd feest! En dat se mei bern of bernsbern deropút gean. Ek as de blêden noch net oan de beam sitte, is der in protte te sjen; in bleate beam jout wer in oar oansjoch as ien mei in blêdekroan. ‘No’t ik fia Seewyn (keunstedukaasje) mei de kultuerlessen op basisskoallen kom, fernim ik dat hast alle bern wol in beam witte te stean dêr’t se wat mei hawwe. Se gean fuort “oan” as ik oer it bosk begjin.’ Dat fernuveret Linda net. Mar bewustmeitsjen is ek ien fan har missys mei it boek. Linda: ‘Fansels kinst dit boek lêze as in fleurich “grien” ferhaal oer in famke dat in beam op ’e jierdei freget, mar stikem hoopje ik dat ik foarlêzers en bern oantrúnje om te boartsjen mei skaad, te fielen oan de bast of de bledsjes, of in jierdeifeestje yn it bosk te hâlden. It is in oade oan de beam en de natuer.’

Linda besiket altyd wat ekstra’s yn har boeken te ferstopjen. ‘Ik wol altyd én, én, én’, seit Linda. ‘Ik wol graach dat it in leuk ferhaal is om foar te lêzen, mar ik wol minsken ek graach wat meijaan.
It belibjen fan de natuer bygelyks. Mar kinst it boek ek brûke as útnûging om fierder te praten mei bern. Wat is dyn favorite beam, wêr moat er oan foldwaan? Wat kin wol, wat kin net en wat soesto it leafst wolle? Yn it ferhaal krijt it famke in kadootsje fan de boargemaster: in skeppe yn pakpapier.
As ik bern freegje wat sy tinke wat der ynpakt is, roppe se allegearre “in gitaar”. It jout oan dat bern har gedachten wer hiel oars gean kinne as dy fan folwoeksenen. Prachtich toch?!’

It boek is ferskynd yn it Frysk by de Afûk en yn it Nederlânsk by Ploegsma
€ 16,99

Foto Linda: Hippe Kiek fotografie

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!