heit&mem

Lêstip fan Keimpe maart 2024: Omke Ûle sjocht stjerren

Dieuwke van der Meer 29 februari 2024

 

‘Omke Ûle sjocht stjerren’ is de lêstip fan Keimpe fan de moanne maart!

Omke Ûle hat in dream: hy wol op romtereis. Mar hy komt net fierder as syn beam. Syn neefke Eppy wit wol ried. Hy bout foar Omke in raket, mar it ding docht net wat omke wol…
Op it momint dat Omke en Eppy it opjaan wolle, komt der help út in ûnferwachte hoeke…!

Omke Ûle sjocht stjerren giet oer freonskip, omgean mei teloarstellingen en it neijeien fan dyn dreamen.

‘Omke Ûle sjocht stjerren’ fan Paul van Dijk is foar € 14,50 hjir online te bestellen yn de Afûk websjop!

De resinsje fan Maaike: “Omke Ûle sjocht stjerren lêst yn in hearlik ritme foar.”

“Omke Ûle sjocht stjerren is in ferrassend ferhaal. It is moai op rym skreaun en lêst yn in hearlik ritme foar. It ferhaal sit fol lytse grapkes, benammen yn de prachtige sfearfolle en kleurige tekeningen. Foar elkenien is der wol wat op te sjen en yn te ûntdekken. Sawol ús âldste soan fan njoggen jier as ús jongste fan twa sieten oandachtich te lústerjen. Jouke fan sân libbe hielendal mei mei Omke Ûle en hie o sa mei him te dwaan. Lokkich genôch kaam it fierderop dochs noch goed. It boek fûn goed oansluting by de fantasywrâld fan de âldste twa. Nei in pear dagen kamen se noch mei nije suggestjes foar hoe’t Omke Ûle ek noch yn de romte komme kind hie. Koartsein, foar alle leeftiden falt der wol wat te belibjen oan dit boek!”

Skreaun troch Maaike Boomsma út Ljouwert
Mem fan Gerben (9), Jouke (7), Anneminke (5) en David (2)

Lês de hiele resinsje fan Maaike hjir.

/////////////////////////////////////////////////

De resinsje fan Sita: ” In hiel moai, fantasyryk berneboek dêr’t elkenien noch fan leare kin.”

Yn dit prachtige, hast magyske berneboek wurdt ferteld oer Omke Ûle dy’t graach syn dreamen neijeie wol. Mei fantasy en freonen komme jo al in hiel ein. Eppy sil Omke Ûle wol efkes helpe en giet der wakker foar sitten. Hy tekent wier in machtich moaie raket. Mar dan giet it spitigernôch mis.
En dan lit dit boek sjen hoe moai freonskip wêze kin. Want Foks is net mear lilk en Mol ek net. Sterker noch, sy sille mei syn allen Omke Ûle helpe. Sy betinke in prachtich plan, sadat de dream fan Omke Ûle dochs noch in bytsje tichterby komt!

It boek hat prachtige tekeningen dy’t hiel goed by dit ferhaal passe. En ek de bisten en kabouters dy’tst fine kinst, binne in leuke tafoeging oan dit boek. Us Femke en Bearnt sykje beide nei de ferstoppe kabouters, de flearmûs en de pau.
Fan alle boeken dy’t no yn ’e kast steane, is Omke Ûle mei syn raket no al in favoryt!

Skreaun troch Sita Dotinga.
Lês de hiele resinsje fan Sita hjir.

 

Ynsjochfilmke!

 

Pleinpraat #37 – Kinsto it hielal yn?
Omke Ûle wol graach de romte yn, mar kin dat? Is dit ynkoarten mooglik? Hoe dochst dat en wêr moatst dy dan =oanmelde? Sjoch hjir nei it filmke fan Pleinpraat (Omrop Fryslân Tsjil) oer reizgjen nei it hielal. 

 

Boeketip!
Mear lêze oer de romte? Lês it flapkesboek ‘Hoe is it yn de romte?’
Hoe is it eins yn de romte?
Hoe komst dêr en wêr kinst hinne?
Wat dogge astronauten de hiele dei?
Kinne wy libje op Mars?
Hoe kin ik astronaut wurde?

Dat én noch folle mear kinst lêze yn dit prachtige yllustrearre boek. De antwurden fynst achter de flapkes.

4 – 8 jier

It boek ‘Hoe is it yn de romte?’ is foar €12,95 hjir online te bestellen!

Nifelje: Lansearje dyn eigen raket!
(klik op it plaatsje foar download.)
Puzelje: Hoe komt it romteskip by de planeet?
(klik op it plaatsje foar download.)

 

Sifertekening
(klik op it plaatsje foar download.)

Opsisferske: Nei de romte
(Klik op it plaatsje foar download.)

Mear witte oer Keimpe? Sjoch op Keimpe.frl!

Wistest dat der ek in prachtige Keimpe-hânpop-knuffel te keap is?

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.