heit&mem

De resinsje fan Maaike: Omke Ule sjocht stjerren

x 21 februari 2024

Omke Ûle sjocht stjerren giet oer de oanlûkingskrêft fan de romte, as men jûns nei de himel sjocht. Dat slút goed oan by wat der yn ús húshâlding spilet. Benammen ús âldste jonges binne o sa fassinearre troch de stjerren en al it oare wat je mar sjen kinne yn ’e romte. Ek giet it boek oer de leafde fan in omkesizzer foar syn omke.

Eppy de lytse ûle en syn omke sjogge tegearre nei de stjerren en dreame fan in romtereis. Eppy wol syn omke ferrasse en bout in raket foar him. Efkes liket it plan te slagjen, mar dan: in bult knallen en reek en omke Ûle stoart del. By it delkommen lit omke in spoar fan fernieling efter. Dat soarget foar allegear boaze bisten. It is mislearre en omke wol nea mear de romte yn. Teloarsteld en treurich giet er op hûs oan.

Mar lytse Eppy jout it net samar op. De lilke bisten binne dochs net allinne mar boas en mei-inoar geane se oan ’e slach.

Omke Ûle sjocht stjerren is in ferrassend ferhaal. It is moai op rym skreaun en lêst yn in hearlik ritme foar. It ferhaal sit fol lytse grapkes, benammen yn de prachtige sfearfolle en kleurige tekeningen. Foar elkenien is der wol wat op te sjen en te ûntdekken. Sawol ús âldste soan fan njoggen jier as ús jongste fan twa sieten oandachtich te lústerjen. Jouke fan sân libbe hielendal mei mei omke Ûle en hie o sa mei him te dwaan. Lokkich genôch kaam it fierderop dochs noch goed. It boek fûn goed oansluting by de fantasywrâld fan de âldste twa. Nei in pear dagen kamen se noch mei nije suggestjes foar hoe’t Omke Ûle ek noch yn de romte komme kind hie. Koartsein, foar alle leeftiden falt der wol wat te belibjen oan dit boek.

 

Skreaun troch Maaike Boomsma út Ljouwert

Mem fan Gerben (9), Jouke (7), Anneminke (5) en David (2)


It boek ‘Omke Ule sjocht stjerren’ is foar € 14,50 hjir online te bestellen.

-> Maaike is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.