heit&mem

De resinsje fan Sita: Omke Ule sjocht stjerren

x 21 februari 2024

Us Bearnt fan hast 4 jier fertelde in skoftsje lyn dat hy graach ris nei de moanne reizgje woe. Doe ha ik him mar útlein dat dat net samar klear is. Mar doe’t dit boek foarbykaam, tocht ik fuort: dat fynt er fêst prachtich. Krekt as ús Femke fan goed 6 jier, dy’t ek each hat foar de stjerren, de moanne en de sinne.

Yn dit prachtige, hast magyske berneboek wurdt ferteld oer Omke Ûle dy’t graach syn dreamen neijeie wol. Mei fantasy en freonen komme jo al in hiel ein. Eppy sil Omke Ûle wol efkes helpe en giet der wakker foar sitten. Hy tekent wier in machtich moaie raket. Oan alles is tocht, Omke Ûle kin noflik sitte, de fjoerpylken soargje foar de “power” en troch de ballonnen kin Omke Ûle moai fleanen bliuwe. Mar dan giet it spitigernôch mis. Hoe moai it ûntwerp fan dy raket ek wie, it is net slagge. Foks en Mol binne dan ek wol in bytsje lilk, want Omke Ûle hat mei syn raket allegear rommel makke. En dan is Omke Ûle teloarsteld. Syn dream is yn it wetter fallen. Hy is fertrietlik en giet gau wer nei syn beam.

Ek Eppy baalt as in stekker dat it net slagge is. Hy hat sa syn bêst dien om Omke Ûle te helpen, wie oertsjûge fan syn útfining en dan eindiget it sa. En dan lit dit boek sjen hoe moai freonskip wêze kin. Want Foks is net mear lilk en Mol ek net. Sterker noch, sy sille mei syn allen Omke Ûle helpe. Sy betinke in prachtich plan, sadat de dream fan Omke Ûle dochs noch in bytsje tichterby komt.

It boek hat prachtige tekeningen dy’t hiel goed by dit ferhaal passe. En ek de bisten en kabouters dy’tst fine kinst, binne in leuke tafoeging oan dit boek. Us Femke en Bearnt sykje beide nei de ferstoppe kabouters, de flearmûs en de pau.

Fan alle boeken dy’t no yn ’e kast steane, is Omke Ûle mei syn raket no al in favoryt!

Koartsein: in hiel moai, fantasyryk berneboek dêr’t elkenien, ek folwoeksenen, noch fan leare kin.

Sita Dotinga

————-

It boek ‘Omke Ule sjocht stjerren’ is foar € 14,50 hjir online te bestellen.

-> Sita is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.