heit&mem

De resinsje fan Harmke oer Kwek Kwek Minemyn

x 24 juli 2023

It is wer maitiid! De fûgels fluitsje, de lamkes mekkerje en we kinne de kikkerts kwêkjen hearre. Mei de nije útjefte fan ‘Kwek kwek minemyn’ fan Hindrik van der Meer kinne de bisten ek ús lûd wer hearre.

De moaiste berneferskes fan Hindrik van der Meer binne sammele yn in nije druk fan ‘Kwek kwek minemyn’. Der steane 36 ferskes mei tekst en noaten yn dit boek. Op elke side stiet in ferske, mei in ienfâldich noate- en akkoardeskema. De measten binne skreaun troch Hindrik van der Meer, fjouwer ferskes út dit boek binne fan de hân fan Jant Visser-Bakker. De moaie yllustraasjes binne fan Aizo Betten. Oan it begjin fan it boek stiet in QR-koade, dêr kinne je de ferskes ek belústerje op Spotify.

De lieten dy’t eartiids troch heit en mem en pake en beppe foar ús songen waarden, sitte noch yn myn holle. Yn de tekst fan de ferskillende kûpletten siet noch wolris wat fariaasje, ôfhinklik fan de sjonger. Mei de tekst en it noateskrift op papier binne we wis fan hoe’t it ferske echt skreaun is. Mar fariaasje yn de teksten sil der by de measte húshâldingen fêst bliuwe. Tichterby kin it nammentlik net komme at ús eigen hûn, border kolly Ties, besongen wurdt yn Ties de kolly.

De hûntsjes Bijke en Tys, Kees de Kikkert, de mol, de protter, de slak, miggen, flinterkes, in soad bisten dy’t de bern fan har omjouwing kenne, wurde besongen. Moaier as it besjongen fan de eigen omkriten yn dyn eigen taal kin it fêst net wurde.

Mei dit boek helje je de maitiid yn ’e hûs en kin in nije generaasje wer folop genietsje fan dizze moaie Fryske berneferskes.

Kwek kwek minemyn, bisteferskes fan Hindrik van der Meer. Yllustraasjes fan Aizo Betten. Foar 18,95 te keap bij de boekhannel.

Harmke van der Werf, mem fan Grytzen (8 moanne).


‘Kwek Kwek Minemyn’ is foar € 18,95 hjir online te bestellen.

-> Harmke is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!