heit&mem

De resinsje fan Amanda oer Kwek Kwek Minemyn

x 24 juli 2023

Wat in leuk boek krigen wy oer de post fan de Afûk, de bern wiene gau by de brievebus en ha it kadootsje útpakt. We ha earst it boek ris efkes trochblêde en al gau fregen de jonges watfoar ferskes ik koe; dat wiene gelokkich al in hiele protte, want oait songen we dy ferskes fan Hindrik van der Mear op ’e basisskoalle.

It boek is allerearst prachtich om te sjen, in sachtrôze foarkant, mei flinters, kninen, einen en in fûgeltsje. Yn it foaropwurd kinne we lêze oer Hindrik van der Meer en hoe’t hy ta syn ferskes kommen is. Yn 1976 ferskynde der ek al in ‘Kwek kwek minemyn’. De yllustraasjes fan doe binne op ’e nij brûkt yn ’e nije ‘Kwek kwek minemyn’.

Yn dizze útjefte fan ‘Kwek kwek minemyn’ steane allegear bisteferskes fan Hindrik fan der Meer, dy’t er yn ’e rin fan ’e jierren makke hat foar de Fryske skoalradio.

Elk sil wol syn eigen favoriten ha of ferskes dy’t men kin. Us favoriten binne Flip Flap Flinterke, Kninedûns, Bijke, Efter de pleats en Stek de stikelbaarch.

Yn myn groep 2 wurkje wy oer it tema ôffal, dêr past it ferske fan Thys Tekkel perfekt by, in hûntsje dy’t syn snút yn in jiskesek stoppet en fan al dy smoarge troep in seare bek krijt. Dat fûnen de bern fansels machtich. En nei in pear kear oefenjen koene se it al aardich meisjonge.

Yn it boek steane de noaten en akkoarden derby, mar gelokkich ek in QR-koade om de ferskes te hearren, oars kaam it mei my ek net goed. Dus sadree’t ús Yldou thús it boek no sjucht, ropt se “syk” en moat de muzyk oan. Wat ek handich is, is de webside fan Tomke, dêrop steane ek in hiele protte cd’s en ferskes, wêrûnder Kwek kwek minemyn.

In moaie oanwinst foar muzykdosinten, mar ek foar elk dy’t gjin noaten lêze kin. Prachtich foar yn ’e ûnderbou fan de basisskoalle of it pjutteboartersplak en foar thús. Lekker sjonge yn it Frysk mei de bern.

Amanda Binnema,
mem fan Rymer, Ydwer en Yldou en juf fan groep 2


‘Kwek Kwek Minemyn’ is foar € 18,95 hjir online te bestellen.

-> Amanda is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!

Fingerferskes fine bern prachtich en binne fan alle tiden. Kenst it ferske noch fan ‘Dit is pake, koart en dik?’ Hjir fynst de komplete tekst!

lês mear