heit&mem

Lêstip fan Keimpe: Jelle en Juf

x 23 december 2022

 

Jelle is gewoan in leaf, tûk, sterk en grappich jonkje. Mei in hiel soad fantasy. Dat wol. Jelle syn luie each is soms sa lui dat it thús op de bank lizzen bliuwt te tillefyzjesjen. Jelle komt te let omdat er ûnderweis nei skoalle rúzje hat mei in babydino. Jelle hat altyd aparte fratsen. Juf hat it der mar drok mei …

Fiifentweintich humoristyske foarlêsferhaaltsjes mei prachtige yllustraasjes oer it fantasyrike jonkje Jelle en syn juf dy’t soms strang, mar ek hiel leaf is. Foar bern fan 4-8 jier.

Mirjam van Houten (1977) wennet op de Himrik en hat in grutte tún mei in prachtige beamhutte. Sy kin net allinne moai skriuwe, mar ek nochris prachtich tekenje.
Har earste boek Tije ferskynde yn 2016 en is oersetten yn it Faëroers. It boek waard fuortendaliks nominearre foar de Simke Kloostermanpriis.  Yn 2021 ferskynde it prachtige printeboek By beppe útfanhûs, dêrfoar krych se de Diet Huberpriis 2022.

 

Amanda: Jelle en juf is skreaun troch Mirjam van Houten, it is net allinne Jelle dy’t in protte fantasy hat, dat hat de skriuwster ek. Se hat in boek fol skreaun mei grappige koarte ferhaaltsjes oer it jonkje Jelle en syn aventoeren op skoalle. Ek hat se sels de tekeningen makke dy’t op alle siden stean.
Sels bin ik juf fan groep 2 en ek ús jongste soan giet nei groep 2. De ferhalen binne hiel werkenber foar beukers, want in protte dingen barre yn elke klasse wol in kear.
Sa ferjit Jelle op in dei syn banaan foar it fruit-iten, hy wol de banaan thús wol ophelje, mar dat mei net fan juf, dan mar sûnder banaan bûten boartsje, seit se. Mar Jelle hat sin oan wat en graaft yn ’e sânbak sa’n grutte tunnel dat er thús by mem yn ’e tún útkomt. Gau de banaan pakke en wer werom nei skoalle.

Lês de folsleine resinsje fan Amanda hjir

 

Bedsje mei popke!

Knip it bedsje út en tear de ûnderbrutsen strepen om. Knip it popke út en fersier ‘m sa asto dat wolst. Do kinst der ek in foto fan dysels op plakke. Nifelje in tekentsje en in kessentsje foar it popke en lis m gau op bed! Lekker koese!

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.