heit&mem

De resinsje fan Amanda: Jelle en Juf

x 31 augustus 2022

Jelle is in leaf, tûk, sterk en grappich jonkje.
Mei in protte fantasy, dat wol.
Jelle hat altyd aparte fratsen. Juf hat it der mar drok mei…
 
Jelle en juf is skreaun troch Mirjam van Houten, it is net allinne Jelle dy’t in protte fantasy hat, dat hat de skriuwster ek. Se hat in boek fol skreaun mei grappige koarte ferhaaltsjes oer it jonkje Jelle en syn aventoeren op skoalle. Ek hat se sels de tekeningen makke dy’t op alle siden stean.
Sels bin ik juf fan groep 2 en ek ús jongste soan giet nei groep 2. De ferhalen binne hiel werkenber foar beukers, want in protte dingen barre yn elke klasse wol in kear.
Sa ferjit Jelle op in dei syn banaan foar it fruit-iten, hy wol de banaan thús wol ophelje, mar dat mei net fan juf, dan mar sûnder banaan bûten boartsje, seit se. Mar Jelle hat sin oan wat en graaft yn ’e sânbak sa’n grutte tunnel dat er thús by mem yn ’e tún útkomt. Gau de banaan pakke en wer werom nei skoalle.
 
Jelle wol ek graach letters leare, mar it is wer safier, hy moat hjoed prikke. Dêr hat Jelle gjin sin oan, knippen giet ommers folle flugger, mar juf wol dat Jelle prikt. Dêrom betinkt er dat it hjoed ferbean is om te prikken en wis en warempel, dêr swaait de doar fan ’e klasse iepen en stapt de plysje binnen. Se nimme de prikpennen yn beslach en juf krijt in bekeuring, want it wie hjoed echt ferbean om te prikken.

We binne faak slop fan it laitsjen as we de ferhaaltsjes lêze. Jelle dy’t juf net heart, omdat syn earen noch op it nachtkastke lizze. In nij famke op skoalle dat net boartsje en prate wol, Jelle stoppet in pear batterijen yn har rêch en se begjint te praten. Of dy kear dat Jelle in ko meinimt nei skoalle, omdat er skjin syn nocht hat fan syn lekkende beker elke kear.
Machtich moai betocht en in oanrieder foar elke learkrêft fan groep 1&2 om yn ’e klasse te hawwen.
En ek foar elk grappich, tûk en leaf jonkje en famke en harren âlders in moaie oanwinst yn ’e boekekast.
Dus jimme moatte sels mar gau fierder lêze oer Jelle syn luie each, syn oaljefant en de luzemem.

 
Amanda Binnema

Juf fan groep 2 en mem fan twa grappige en stoere jonkjes en in leaf famke.

 

Jelle en juf is foar € 15,00 hjir online te bestellen.

-> Amanda is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!