heit&mem

De resinsje fan Jenny: By beppe útfanhûs

x 5 juli 2021

“At mem fuort moat mei it fleantúch, kin lytse Maaike net mei. Derom sil Maaike by beppe útfanhús. Maaike pakt har kofferke en nimt fan alles mei. By beppe dogge se tegearre allegearre leuke dingen, mar dochs fielt Maaike har net hielendal bliid. En as Maaike op bêd giet en yn de nacht wekker wurdt, mist se har mem en moat se gûle. Maaike wurdt ûnwennich, lokkich wit beppe rie en mei Maaike by beppe yn it grutte bêd sliepe.”

Wat is dit in moai boek fan Mirjam van Houten. Der steane prachtige platen yn dy’tsto wiidweidich besjen en beprate kinst mei de bern. Ik ha it boek foarlêzen oan ús famke fan 5 jier. Us dochter fan 7 kin it boek al hielendal sels lêze. It is foar harren in werkenber ûnderwerp, want ús trije famkes geane ek witte faak by harren “beppe sûkerskeppe” útfanhús.

En harren beppe hellet, lykas de beppe fan lytse Maaike, ek alles út de kast om it de bern nei it sin te meitsjen. Knutselje, bakke, ferskûlboartsje… kinst it sa gek net betinke, beppe fynt alles goed.

Lokkich hawwe se eins nea lest fan ûnwennigens, mar it allinne sliepen is somtiden al efkes in útdaging. Doe’t dat dan ek yn it boek barde wie it earste wat ús famke sei “hee, dat docht ús beppe ek altyd as ik net allinne doar te sliepen” en doelde dêrmei op de beppe fan Maaike dy gau by har yn bêd krûpte.

Wy sille it boek de folgjende kear dat yn fan de bern útfanhús giet by beppe mar meijaan yn it kofferke, want foarlêze heart fansels ek by útfanhûzje.

Jenny van der Meer út Kornhorn

 

It boek ‘By beppe útfanhûs’ is foar € 14,95 hjir online te bestellen.

-> Jenny is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!