heit&mem

De boekresinsje fan Jenny: ‘It grutte famyljeboek’

“Fan wa bisto ien?” freget de lytse kat op de earste bledside fan ‘It grutte famyljeboek’. In werkenbere fraach, want faak wie dat yn myn jeugd ien fan de earste dingen dy’t troch de âlden frege waarden asto foar it earst by in freon of freondinne oer de flier kaamst. Want fan wa ofst ien bist seit wat oer dy, út wat soarte famylje ofst komst en wa’t der noch mear by dy hearre. En dat is wêr’t dit boek oer giet, oer alderhande famyljes.

x 28 mei 2020

Dy famyljes binne fansels allegearre ferskillend. Ferskillend yn gearstalling, ferskillend yn de manier fan wenjen, ferskillend yn wat der iten wurdt en wat se allegearre mei-inoar dogge en noch in hiel soad oare ferskillen, it komt allegearre foarby yn it boek. En by al dy famyljes en ferskillen steane skitterjende tekeningen, sadat it foar bern fuortendaliks dúdlik is wat der bedoeld wurdt. Sa wisten myn bern bygelyks net wat in Yurt wie, mar troch it plaatsje koene hja it fuort besjen. Hja fûnen it dan allegear ek mar wat ynteressant, al hielendal doe’t wy by it stikje oer de stambeam belâne wiene en se trochkrigen hoe’t de eigen famylje yn elkoar sit. Want wat foar ús sa gewoan is, stiene de bern fersteld fan. It joech in moaie oanlieding om de bern te fertellen oer hoe’t it wie doe’t ik sels noch bern wie. “Doe’t mem sa âld wie as do, krige ik noch in suske, dat wie tante Anne. Ik mocht dan helpe om har yn it badsje te dwaan!” Dan wiene hja slop fan it laitsjen, want dat harren tante ek in poppe west hat, is fansels hilarysk.

It boek kin bern helpe om dúdlik te krijen hoe’t de famylje yn elkoar sit en wat by de eigen famylje heart.

Ek kaam ik der al gau efter dat myn bern, dy’t opgroeid binne yn in tradisjonele hûshâlding en altyd yn in lyts doarpke wenne hawwe, noch net in soad “oare famyljes” sjoen hawwe.  Pleechgesinnen, ienâldergesinnen, gesinnen mei twa heiten of twa memmen, dat koenen se bygelyks noch net. Dat joech dan ek in moaie gelegenheid om it der ris oer te hawwen. Dat makket dat ‘It grutte famyljeboek’ dan ek net in boek is datsto efkes fluch foarlêze kist, mar echt in boek dêr’tsto mei-inoar oer praatst. Hja ferlykje harren eigen situaasje mei de foarbylden yn it boek en dat soarget foar aardige petearen. It wie foar harren bêst nijsgjirrich en sjoch dat it by oare gesinnen hiel oars wêze kin, en dat ús gewoanten en gebrûken net oeral jilde.

‘It grutte famyljeboek’ is dan ek in hiel moai boek ast it ris mei de bern oer de famylje hawwe wolst, of as der bygelyks wat feroaret yn de famylje. It boek kin bern helpe om dúdlik te krijen hoe’t de famylje yn elkoar sit en wat by de eigen famylje heart. It is ek hiel geskikt foar learkrêften dy’t mei it tema famylje wurkje om’t alle aspekten dy’t by in famylje hearre oan bod komme. Dit boek is dan ek absolút in oanrieder.

Troch Jenny van der Meer út Kornhorn

 

It grutte famyljeboek is foar € 12,95 hjir online te bestellen.

-> Jenny is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!