heit&mem

De boekresinsje fan Maaike: Myn moaiste mearkes

x 12 maart 2020

Us bern en ik mochten fan heitenmem.nl it boek Myn Moaiste Mearkes lêze en dêr in resinsje oer skriuwe.

Yn dit boek komme alle mearkes (sprookjes) dy’t bekend binne oan ’e oarder. Earlik sein wisten wy allegearre net dat mearkes en sprookjes itselde binne. Mar doe’t wy it boek ienkear hienen, ha wy ús hearlik ûnderdompelje litten yn de mearkes dy’t deryn steane. Der wurde tsien mearkes beskreaun.

Us Amarins, 5 jier, har favorite mearke is dochs wol Dreamroaske. Us Amarins soe hiel graach in prinses wêze wolle en yn it kastiel wenje. It ferhaal wurdt moai ferteld mei alle elfkes dy’t lânskomme. En dan prikt Dreamroaske harsels en sliept se wol 100 jier. Dat is wol hiel lang. De prins dy’t har wekker tutet en dat sy mei-inoar trouwe, heart der fansels by.

Der giet eins gjin dei foarby dat wy dit boek net efkes út de kast pakke.

Us Jacob, 4 jier, syn moaiste mearke is ‘De nije klean fan de Keizer’. Dat in man safolle klean hawwe kin en dan je klean net iens twa kear oan hawwe kinne. Hy wol syn favorite klean eins alle dagen wol oan! En dat de Keizer dan úteinlik in blokje om giet mei hielendal gjin klean oan, sprekt him wol oan. Dat net ien dêr wat oer seit, is dochs ek wol nuver, eins is it lytse jonkje it earlikst.

Der giet eins gjin dei foarby dat wy dit boek net efkes út de kast pakke. It moaie lêslint soarget derfoar dat wy witte wêr’t wy de oare kear bleaun binne. De prachtige yllustraasjes passe hiel goed by de ferhalen. It sêfte kaft hâldt maklik beet. Wy binne no safier dat de bern sels it boek al pakke en inoar it ferhaal fertelle.

Al mei al in echte oanrieder foar elkenien dy’t de bern graach foarlêze mei.

Maaike Koornstra út Sint Jabik

 

It boek ‘Myn moaiste mearkes’ is foar € 17,50 hjir online te bestellen.

-> Maaike is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!