heit&mem

De resinsje fan Froukje Berber: De Tomke-app

x 4 september 2019

‘Hoi beppe! Hoi pake! Beppe, mei ik mei de iPad?’ Dat is hiel faak de standertsin fan Nick (4) at wy by pake en beppe komme. Want thús hawwe wy gjin tablet. En beppe hat allegear leuke spultsjes op de iPad, wêrûnder de Tomke-app. De nije ferzje sjocht der wat flitsender út as de âlde, ek steane der folle mear ferhaaltsjes en filmkes op. Dus de bern binne der minder gau op útsjoen.

Nick fynt de spultsjes it leukst om te dwaan, wylst Mark (2) mear fan de ferhaaltsjes en filmkes is. Al mei hy ek graach sjen hoe’t Nick dy spultsjes docht en sil er stikem mei syn fingerke ek hurd op it skerm drukke. En dat wurdt fansels net altyd wurdearre troch syn grutte broer. Mark fynt it ek wol leuk om de hiele tiid ‘goed dien!’ te roppen.

De spultsjes binne in grutte hit.

Der binne 5 ferskate ûnderdielen yn de nije app. Under de knop ‘ferhaaltsjes’ kinst de bekende boekjes downloade, dy kinst foarlêze litte of sels foarlêze. De spultsjes binne in grutte hit. Foaral ‘wat heart wêr’. Mar der binne noch fjouwer oare spultsjes: ‘kleurje’, ‘memory’, ‘sykje it plaatsje’ en ‘hoe rint it ferhaal’. Superleuk betocht! Soms wol in bytsje lestich, mar dat jout neat.

Wat ek nij is binne de ferskes. Der steane echt in hiele soad op. Ferskes dy’t ik noch ken fan froeger, mar ek nije ferskes. Fan ‘Yn ’e moanneskyn’ oant Sinteklaasferskes. Fierder steane der wol 50 Tomke-filmkes op. Wat ik noch net koe mar wat wol hiel leuk is, is ‘Tomkeradio’. Dat is in miks fan de Tomke-ferhaaltsjes en Fryske ferskes. No is ’t wol sa dat ús jonges noch net echt it geduld hawwe om dêrnei te lústerjen.

Wy hawwe de app ek op de tillefoan. Dat is ek ferrekte handich foar yn it fleantúch en op it fleanfjild. It is dan wol ferstannich om thús de app al op te starten en alle ynhâld efkes op de wifi te downloaden. Dat kin soms wol in skoftsje duorje, mar it skeelt wer wat data. As de bern dan efkes rêstich sitte moatte pakke wy de tillefoan, Tomke-app oan, filmke derop en do hearst se net mear. No moat ik dêr wol by sizze dat it tegearre sjen nei ien tillefoan hieltyd dreger wurdt no’t Mark ek in eigen wil kriget en alles sels dwaan wol. Dus ek mar in “âlderwetsk” boek mei yn ’e tas…

 

De Tomke-app is hjir fergees del te laden! 

Troch Froukje Berber út Berltsum

 

-> Froukje Berber is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!