heit&mem

De resinsje fan Lydia: ‘Hasto oaljefant sjoen?’

x 6 januari 2020

Foarlêze is hiel belangryk foar de ûntwikkeling fan bern, dat lês ik regelmjittich. Sûnt ús dochter Manou berne is, lêze wy dan ek in soad (foar). As poppe krige se dêr fansels net in protte fan mei, mar no’t se twa jier is al.

En as har heit of mem oan it lêzen is, wol Manou dat fansels ek! Dus moasten wy op syk nei boeken dy’t we tegearre mei har lêze koene.

It boek ‘Hasto Oaljefant sjoen?’ is dêr perfekt foar, it is hast in spultsje! In oaljefant dy’t ferstopperke boartet (en seit dat er dêr hartstikke goed yn is), hast no wol oait…

Wylst ik de koarte stikken tekst foarlês, besjocht Manou de tekeningen en siket se de oaljefant. Dat is fansels net hiel dreech, mar wól grappich. It is mar goed dat de teksten koart binne, want it brânt har alle kearen wer yn; se is nijsgjirrich nei de nije bledside dy’t folgje sil. Yn it bêd, achter de telefyzje; de oaljefant siket it iene nei it oare ferstopplak en it jonkje dat him siket kin him mar net fine. As er him lang om let fûn hat, komt der in skyldpod oan. Hy freget wat it jonkje en de oaljefant dogge, en stelt foar om tikkerke te dwaan. De skyldpod warskôget noch al efkes, want dêr is hy fansels hartstikke goed yn! 😉

Yn it bêd, achter de telefyzje; de oaljefant siket it iene nei it oare ferstopplak en it jonkje dat him siket kin him mar net fine.

 

 

Mei prachtige yllustraasjes op dik en stevich papier kin it boek best wat ha, en dat is dochs noflik mei in pjut dy’t it boek fansels it leafst sels fêsthâldt. Sa witte we yn elk gefal dat we noch in skoft wille fan it boek ha sille. En dat is mar goed ek, omdat it boek geskikt is foar bern fan twa oant fjouwer jier!

Foar elkenien dy’t graach foarlêst is dit in leuk boek. Ek superleuk om kado te dwaan oan ien dy’t twa as trije jier wurdt!

Troch Lydia Siderius út Menaam

 

It boek ‘Hasto oaljefant sjoen’ is foar € 14,99 hjir online te bestellen.

-> Lydia is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!