heit&mem

Lêstip fan Keimpe oktober: Buorman Brombear

Dieuwke van der Meer 2 oktober 2023

 

‘Buorman Brombear’ is de lêstip fan Keimpe fan de moanne oktober!

Fan 4 oant en mei 15 oktober 2023 is it wer ‘Kinderboekenweek’ yn Nederlân. Dit jier is it tema ‘Bij mij thuis’ en der binne ek in soad moaie Fryske berneboeken dy’t oanslute by it tema ‘By my thús’. Sa ek Buorman Brombear! En dêrom is dit boek Keimpe’s Lêstip fan oktober!

Bear wennet hielendal allinne op ’e romte en dat befalt him poerbêst. Hy is dan ek net bliid as in kninefamylje in hûs bout nêst dat fan him!

Foar bern fan 2 oant en mei 5 jier.

Tegearre genietsje fan de opbouwende spanning by bear, dy’t hieltyd lulker wurdt. Soe it allegear wol goed komme?

‘Buorman Brombear’ is foar € 14,99 hjir online te bestellen.

De boekresinsje fan Sita:

“Dit prachtich yllustrearre boek is de nije favoryt fan ús beide jonges! Sûnt we it boek ha, wurdt it alle dagen meardere kearen lêzen.
It is sels sa yn trek dat sadree’t der ien op besite komt, dy ek strikt wurdt om foar te lêzen!

It ferhaal fertelt fan in grutte brune bear dy’t op ’e romte wennet. Dat past him krekt, hearlik rêstich! Mar dan… In kninefamylje bout syn hûs lyk neist dat fan him. De klierige kninen komme bear om it hurtsje lestich fallen mei harren fragen. Oft hy harren ek helpe wol, oft se wat liene meie, oft hy ek mei harren mei wol…

Bear wol net en wurdt hieltyd grimmitiger, oant er sels raast dat de kninen him mei rêst litte moatte! De kninen lykje dêrnei te lústerjen, oant der op in dei wer oankloppe wurdt. Gjin knyn te bekennen, mar wol in koer, fol mei lekkers en leuks; en mei in briefke.

Bear ûntdekt dy deis dat er dochs wol allinne is en beslút dan wat te dwaan dat er noch noait earder dien hat… In skitterjend ferhaal oer freonskip.

Sita Hietkamp-Sangers, Kollumersweach
Mem fan Wiebren (4) en Sipke (2)

Lês de folsleine resinsje fan Sita hjir.

 

De boekresinsje fan Marrit:

“Lêzen is by ús thús de gewoanste saak fan ’e wrâld. Us trije bern ha harren eigen planken yn ’e boekekast, en mei jierdeis en feestdagen komt der eins altyd wol in nij boek by.

‘Foarlêze, mem!’ En dat doch ik: Buorman Brombear hjit it boek, en it giet oer in bear dy’t hielendal allinnich op ’e romte wennet en dat wol noflik fynt. Hy fynt it dan ek freeslik as in kninefamylje beslút om harren nije hûs njonken dat fan him te bouwen. ‘Lit my mei rêst!’ Mar as de kninen dat dan ek dogge, moat bear tajaan dat allinnich wêzen dochs net altyd fijn fielt. Dat soarget foar in omkear: bear giet op besite by syn nije buorlju!

Nei twa kear foarlêzen koe ús jongste, Louise fan hast fjouwer, it ferhaal al hast hielendal sels fertelle oan ’e hân fan de prachtige yllustraasjes. Op sawat elke bledside kinst in mûske fine dat frijwat ûndogensk is.”

Marrit Leenstra-Postma
Lês de folsleine resinsje fan Marrit hjir.

Ynsjochfilmke!

 Sjoch 

Kleurje en lesbrief!

Kleurplaat

Lekker kleurje mei dizze bear dy’t ek fan boeken lêzen hâldt 🙂

Lesbrief

By it boek is ek in lesbrief makke foar bygelyks op in berne-opfanglokaasje. Mar ek thús kinst mei dizze lesbrief en it boek leuke aktiviteiten dwaan mei de bern! Klik op it plaatsje foar de download (pdf).

Lêsbingo!
Keimpe de Krokodil wol bern graach mear lêze litte! Dêrom hat Keimpe dizze leuke lêsbingo foar jim makke, spesjaal foar de hjerst. 
Besykje op alle mooglike plakken en manieren te lêzen! 😄
Klik op it plaatsje foar de download. 

   

Mear witte oer Keimpe? Sjoch op Keimpe.frl!

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.