heit&mem

Babymassaazje

Ciska Noordmans 12 juli 2016

De feilichheid en waarmte út de tiid yn mem har búk kin in poppe wolris misse. Do kinst in berntsje gerêststelle troch tsjin him te praten, him oan te krûpen, súntsjes te widzjen of sêft te massearjen. Babymassaazje stimulearret it sykheljen en de groei fan lichem en brein, en it wurket posityf op it ymmúnsysteem. Foar popkes mei termkrampen en ferstopping is in massaazje meastentiids ek hiel noflik. Hast álle popkes sliepe as in roas nei sa’n sessy. 

Wat ûndernimme mei dyn lytse poppe of pjut kin hiel gesellich wêze. It fersterket de bân tusken âlder en bern as jim beide genietsje. En in bykommend foardiel: ast yn in groep wat ûndernimste, trefst ek oare heiten en memmen. Babymassaazje is ien fan de favorite aktiviteiten fan heit&mem-Facebookfolgers. Sels noch eefkes googelje foar in oanbieder tichtby.

Boekentip: babymassage

babymassage

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.