heit&mem

Lêstip fan Keimpe jannewaris: It grutte Pake & Beppe Foarlêsboek

Dieuwke van der Meer 3 januari 2024

 

‘It grutte Pake & Beppe Foarlêsboek’ is de lêstip fan Keimpe fan de moanne jannewaris!

‘It grutte Pake & Beppe Foarlêsboek’ is in spiksplinternij boek, dat mei útbrocht is foar de ‘Pake & Beppe kampanje’ yn jannewaris 2024. Op dizze side fynst mear ynformaasje oer dy kampanje.

Boppedat binne it fan 24 jannewaris o/m 3 febrewaris de ‘Nationale Voorleesdagen‘. Dat is in lanlike aksje fan de CPNB.

Dêrom is dit boek dé Lêstip fan Keimpe fan de moanne jannewaris!

‘It grutte Pake & Beppe Foarlêsboek’ fan Mirjam van Houten is foar € 19,99 hjir online te bestellen yn de Afûk websjop!

“In prachtich foarlêsboek foar beppes, pakes en alle oare minsken dy’t graach foarlêze! Mei mear as tweintich foarlêsferhaaltsjes, spesjaal geskikt foar bern fan 2 oant en mei 6 jier.
Ek leuk, foar ast ris nét foarlêze wolst: kinst alle ferhaaltsjes ek belústerje fia de QR-koade achterop it boek.”

 

Ynsjochfilmke!

 

 

Lês noch in ferhaaltsje: Beppe har bril
(Klik op it plaatsje foar de download (PDF-bestân)
Lês noch in ferhaaltsje: Wedstryd mei Pake
(Klik op it plaatsje foar de download (PDF-bestân)

Sjonge! Klik hjir foar it ferske ‘Witsto wat in Pake kin’ fan Sake Hylkema.
(nûmer 2)


Kleurplaten
Lekker kleurje, mei óf sûnder Pake & Beppe 😉
(Klik op it plaatsje foar de download.)

 

Wat sit der altyd yn Beppe har taske?
Tekenje it sels!

(klik op it taske foar download.)

Bakke mei Pake & Beppe!
Resept foar smolten sniemanne-koekjes.

(Klik op it plaatsje foar it resept.)

Mear witte oer Keimpe? Sjoch op Keimpe.frl!

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.