heit&mem

Lêstip fan Keimpe: Ik tel oant 100

Dieuwke van der Meer 31 augustus 2023

 

‘Ik tel oant 100’ is de lêstip fan Keimpe fan de moanne septimber!

In kleurryk telboek! “Ien folle moanne, twa lytse hûntsjes, trije reade bussen…” Oant 100 telle is in feest mei dit prachtige boek! Undertusken komst ek noch allegear ferskillende kleuren, bisten en foarmen tsjin.
Mei prachtige yllustraasjes fan Sophia Touliatou.

‘Ik tel oant 100’ is foar € 12,95 hjir online te bestellen.

Een aantrekkelijk boek met een mooie vormgeving, stevige pagina’s en uitdagende opdrachten in het tellen en zoeken.

De resinsje fan Jeltje:

“Wat de bern gelyk opfalt, binne de moaie kleuren en alle ferskate tekeningen op de foarkant. Tessa fan 5 seit gelyk: ‘Ik sjoch elke kear wer wat oars’, en sa is it ek echt! De details fan de opdruk meitsje dat de bern al in hiel skoft mei de bûtenkant fan it boek dwaande binne.  

De boeken dy’t we hawwe, wurde by ús letterlik kapotlêzen. Grut foardiel fan dit boek is dat de siden fan karton binne. Dat giet net samar kapot! Esmee fan 1 wol alles sels dwaan en mei de dikkere siden slagget har dat ek.

Ik fyn eins dat it boek foar alle trije hiel geschikt is. Esmee is 1 jier âld en sjocht har de eagen út mei alle tekeningen en ûntdekt alle kearen wat nijs op elke side fan it boek. Se wol de parren by nûmer 7 opite en docht de gelûden fan de bisten nei. Tessa fan 5 telt alles nei en seit hieltyd dat alles kloppet en se sjocht nei elk detail, bygelyks by de fisken dy’t net itselde binne en der soms nuver útsjogge. Dêrneist kiest se de rôze auto út foar at se letter grut is en wol se dat we ús hûs rôs skilderje, krekt sa as yn it boek. Martijn fan 7 makket rekkensommen fan de fûgels en fisken en besiket syn suskes foar te lêzen yn it Frysk.

Jûns op bêd freget Tessa oan my oft der echt piratefisken bestean… Prachtich!

Jeltje Reitsma
Mem fan Martijn (7), Tessa (5) en Esmee (1)

De resinsje fan Wietske:

“Veel aanmoediging om dit boek op te pakken hadden onze kinderen niet nodig. De vrolijke voorkant verklapt al een deel van de inhoud. Elise (4,5) en Seth (3) worden er in ieder geval flink nieuwsgierig van. De buitenkant nodigt zeker al uit tot zelf doorbladeren en samen lezen.

Met behulp van mooie plaatjes, heldere kleuren en grappige details wordt er een start gemaakt met het tellen tot 100. Heel overzichtelijk beginnen we met de cijfers 1 t/m 5. “Tel ien folle moanne dy’t skynt tusken de stjerren.” Op de volgende pagina gaan we van 6 t/m 10 en dan worden de stapjes wat groter. Elk tiental beslaat dan twee pagina’s, totdat we bij de 100 belanden. “En dan is it safier, tel no oant 100. Elk groepke stjerren hat 10, útsein ien. Yn watfoar groepke sitte gjin 10?” 

Onze jongste is met name geïnteresseerd in de mooie plaatjes en de opdrachtjes die tussendoor verstopt zitten op de pagina’s. Een voorbeeldje hiervan is: “sykje de kat yn de rôze auto”. Heel handig voor hem ook vind ik de iets dikkere pagina’s. Het is niet de dikte van een kartonboekje, maar wel wat steviger dan normaal papier, wat voor de nog wat onhandige vingers erg prettig is.

Onze oudste wordt uitgedaagd in het leren tellen en voor de nog oudere kinderen zit het leren vermenigvuldigen ook kunstig verwerkt in de pagina’s. Er is gebruik gemaakt van bijvoorbeeld zes keer een groep met vijf dieren in dezelfde kleur of tien rijen bloembollen met in elke rij zeven kleurige bloemen. Bij ons thuis is er al menig keer tot 100 geteld in de afgelopen dagen.

Concluderend over het boek “Ik tel oant 100”: een aantrekkelijk boek met een mooie vormgeving, stevige pagina’s en uitdagende opdrachten in het tellen en zoeken. Zeker aan te raden voor kinderen tussen de 3 en 7 jaar.”

Wietske Siemensma uit Britsum,
mem van Elise en Seth

Ynsjochfilmke!

Kleurje en telle!

Yn it boek steane húskes mei in soad rútsjes, om te tellen. Hoefolle húskes steane der op dizze kleurplaat? En hoefolle rúten telst? Klik op de kleurplaat om te downloaden. Print ‘m út en jim kinne lekker kleurje en telle!
En wa ken it gedichtsje fan Diet Huber út Tutte mei de Linten noch? 🙂

Kleurplaat
Gedichtsje ien twa trije

Op dizze side fan de heit&mem-website fynst ek noch 10 leuke printables fan 1 oant en mei 10!

Lêsbingo!
Wolsto dyn bern mear lêze litte? Keimpe ek! Dêrom hat Keimpe dizze leuke lêsbingo foar jim makke. 
Besykje op alle mooglike plakken en manieren te lêzen! 😄
Klik op it plaatsje foar de download. 

   

Mear witte oer Keimpe? Sjoch op Keimpe.frl!

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.