heit&mem

Siik (kollum Sjoukje de Boer)

Siik (kollum Sjoukje de Boer)

x 5 juli 2022

Wy binne siik. Nêst my leit Teije op it grutte bed. Hy hoastet krekt salang oant hy derfan gûle moat. ‘Memmy’, klinkt it. Mei in klamme hân fei ik syn wiete wangen drûch. Hy wiist nei it nachtkastje dêr’t de lêste dagen steefêst syn blauwe geitebeker stie mei wetter deryn. Omdat ik sûnt juster sels ek siik bin, ha ik dat ferjitten. Ik sis dat ik it fan ûnderen helje sil en dat hy even wachtsje moat. Ik hys mysels omheech. Ik fiel dat ik koarts ha. Myn kiel docht sear. Ik ha in wee gefoel yn myn mage. Ik tink dat ik spuie moat. Der is neat oars foarhannen as it potsje fan Teije dat njonken my op de grûn stiet. Ik pak it op en spui. Ik rin wilens nei de dûs en ferruilje it potsje foar de waskbak. Yn ’e fierte hear ik Teije roppen dat hy drinken ha wol. Ut de geitebeker. Hy kucht wer. Hy gûlt wer. Ik sjoch yn de spegel. Sa bleek ha ik yn tiden net west. Ik spiel myn mûle en it potsje om en rin werom nei it bêd. Ik bin ferjitten wat ik eins dwaan soe. Ik wol wer yn bêd krûpe, dêr’t myn protterke leit mei twa reade wangen boppe de tekkens út. ‘Drinken memmy.’ En dan wit ik it wer. It komt deroan, sis ik. Ik rin by de trep del. Under sykje ik om syn blauwe geitebeker. Nergens kin ik him fine. Boppe hear ik Teije kuchen en gûlen. Ik sykje fierder. Op it oanrjocht, ûnder de bank, op de tafel, yn de kast. Ik ferflok dy geitebeker en ik brek.

Dit soart mominten fyn ik it dreechst. Der binne minsken genôch dy’t sizze dat ik belje kin at der wat is, mar ik doch dat eins net sa faak.

Wylst ik in oare beker út de kast pak, tink ik nei oer hoe’t ik dit de rest fan de dei dwaan sil.

It wc-papier is hast op, krekt as de bôle.

Ik sleep mysels de trep op en krûp wer yn bêd. Ik jou in oaljefantebeker oan Teije, mar ik sjoch al oan syn gesicht dat in oaljefant noait in geit wurde sil. In prúllippe. Gûle.

Ik stjoer in freondin in appke at se even om in boadskip kin.

‘Ik kom hem wel ophalen, dan kun jij ziek zijn.’

Ik mei it dan wol allinne dwaan, dochs blykt mar wer: ‘It takes a village to raise a child’.

 

Ut: heit&mem nr. 1 2022


Sjoukje de Boer (1987) is dosint, teätermakster, skriuwster, sjongeres en mem fan Teije. (2019) Se skriuwt al in oantal jier kollums foar de heit&mem. Hjir kinst se allegear lêze.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.