heit&mem

Resinsje fan Antsje: Sjongsto mei my

x 2 mei 2023

‘Sjongsto mei my’ (‘Change sings’) is in lyrysk printeboek fan Amanda Gorman, û.o. bekend fan har optreden by de ynauguraasje fan president Biden, mei printen fan Loren Long. Michelle Samba hat in tige slagge oersetting makke. It boek nûget gelyk út om te sjen en te lêzen. Kleurryk en geskikt foar alle leeftiden; lytse bern sille foaral sjen nei de sprekkende plaatsjes, âldere bern en folwoeksenen sille persoanen lykas Dr. Martin Luther King en harren eigen (Amerikaanske) mienskip werkenne. De tekst is sprekkend en poëtysk. It boadskip is dúdlik: doch mei en meitsje it ferskil. Ek al begjinst allinnich; troch akseptaasje kinst brêgen bouwe en mei-inoar in mienskip wêze.

De printen fan Loren Long binne in prachtige oanfolling op it ferhaal: de mimyk is hiel treffend. En krekt troch de bern yn de haadrol te setten, wurdt it ferhaal libben makke. Op alle platen wurdt echt konkreet makke hoe’tst oaren helpe kinst. Prachtich materiaal om mei de bern oer te praten; wat bart der op de plaat, hoe fielt de oar him?  

De metafoar fan mei-inoar muzyk meitsje op ferskillende ynstruminten passet hjir ek moai; elk hat syn eigen lûd en helpt op syn eigen wize. En muzyk jout beweging oan: “ik bin yn beweging fol dynamyk in weach fan feroaring: muzyk.” Of sa’t de Ingelske titel werjout: change sings. Feroaring kinst heare.

It famke yn de rolstoel dat op de grutte tromme slacht, lit my weromtinke oan in ferske dat ik learde op de basisskoalle: “want se (de bern) slaan de grutte tromme…” En sa sille oaren ek wer eigen assosjaasjes fine, want it boek noadiget út om nei te tinken en ferbiningen te lizzen. Mar it moaiste is tink ik datst in goed gefoel krijst fan dit moaie fers en de kleurige printen en sels ek meidwaan wolst.

De krêft fan dit boek sit him foar my yn de kombinaasje fan printen en tekst. It boadskip komt twaris  by de lêzer binnen en op de lêste bledside wurdst eins sels it ferhaal ynlutsen, as de haadpersoan dy har gitaar oanrikt:

“ek do silst it witte

Sjongsto mei my?”

Antje van Schepen

 

It boek ‘Sjongsto mei my’ is foar € 15,- hjir online te bestellen.

-> Antje is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!