heit&mem

Boekresinsje fan Antsje: It grutte foarlêsboek diel 2

x 22 januari 2020

Ha jim wolris in beuker, dy’t krekt út skoalle komt, sizzen heard: ‘Mem, it wie in moaie dei! Ik wie helpke!’ De bern út groep 1 en 2 fan It Iepen Finster yn Achlum binne dêr altyd sljocht op: helpke wêze.

As helpke fan juf ha jo in foarkarposysje: je meie neist juf sitte en har helpe by in protte dingen. Sa meie je de rêchtassen útdiele as it tiid is foar it fruithapke, en as we boartsjen gean, mei in helpke as earste in aktiviteit kieze. By ús yn de groep meie se ek op de stoel fan juf sitte as der op it digiboerd in filmke foar is. Jim begripe wol, helpke wêze is hiel spesjaal.

It is in boek mei in hurd omslach, mei werklik wier prachtige yllustraasjes.

Nei it fruithapke hat it helpke noch in wichtige taak, hy of sy mei dan in ferhaaltsje út in foarlêsboek útsykje. En no ha ik ‘It grutte foarlêsboek diel 2’ mei nei skoalle ta nommen. Yn dit boek steane wol mear as sechstich prachtige en spannende ferhaaltsjes, ferskes en gedichtsjes, skreaun troch ferskate skriuwers. Ferhalen oer jierdei wêzen en ûnwennichheid, mar ek oer kabouters en oer Tomke. Ferhalen dy’t goed passe by de bern yn ús klasse.

It is in boek mei in hurd omslach, mei werklik wier prachtige yllustraasjes. Jilles is hjoed myn helpke. It swiere boek wurdt op tafel lein en mei folle oandacht wurdt de foarkant besjoen. It earste wat him nijsgjirrich makket, is it plaatsje fan in wjirm dy’t letters opyt. Dizze, juf, dizze sykje ik op! Mar och hea, dat falt noch net ta. Der steane safolle moaie plaatsjes yn, en wêr stiet it ferhaal mei de wjirm?

Mar dan falt syn each op in grutte plaat mei in hiel lulk jonkje derop. Nee juf, ik doch dizze!

 

 

Ik lis út dat der by dat plaatsje in lyts gedichtsje heart mei de titel ‘Lulk’. Ik lês it in pear kear foar. It duorret net lang of de bern kinne al wat wurdsjes meisizze en stampe mei harren fuotten. Tsjonge jonge, wat in lulke bern ha ik yn de klasse. Mar dat is gau wer oer as se de lêste rigel mei opsizze: ‘No bin ik lulk, mar aanst is it wer oer!’ De middeis hat Jilles dochs noch it ferhaaltsje fan de wjirm fûn.

Ik bin benijd hokker ferhaal myn nije helpke moarn útsykje sil.

 

Antje Feenstra út Tsjummearum

‘It grutte foarlêsboek diel 2’ is foar € 22,50 hjir online te bestellen.

-> Antje is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!