heit&mem

De resinsje fan Klaske: Sipke komt op stoom

x 19 maart 2023

Yn dit leuke, twatalige boekje giet Sipke de mûs mei syn pake nei it Woudagemaal. Pake is masinist en sil mei syn kollega’s it gemaal oansette. Dat is noadich om’t der in soad rein falt. Troch de klimaatferoaring en de tegeltúntsjes kin it wetter net goed fuortkomme. It Woudagemaal pompt it dêrom de Iselmar yn. Mar it gemaal docht it net! Sipke giet op ûndersyk út en al gau sjocht er wat deroan skeelt. At se no mar nei him lústerje wolle…

It boekje is hjir in grut súkses, it lêst lekker flot om’t it op rym is. Dêrtroch dogge de jonges al gauachtich mei. Ik lês de Fryske tekst it leafst, mar ús jongste freget sa no en dan: ‘No yn ’t Nederlands, mem?’ En dan is it boekje krekt sa leuk! It ferhaaltsje is goed te folgjen en ynformatyf. Oanfolle mei de prachtige tekeningen fine wy dit boek in echte oanrieder!

Achter yn it boekje wurdt yn begryplike taal de wurking fan it gemaal útlein. Dat fine de jonges wakker ynteressant. ‘Bestiet sa’n gemaal echt?’ fregen se. Dus jim ha wol yn ’e gaten wat der op de aginda stiet de kommende simmerfakânsje 😉

 

Klaske Wiegersma-Bok, Nij Beets

Mem fan Hylke (8) en Hidde (5)


It boek ‘Sipke komt op stoom’ is foar € 9,99 hjir online te bestellen.

-> Klaske is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.