heit&mem

Pasgeboren baby’s herkennen woordgrenzen

Undersyk hat oantoand dat baby’s flak nei de berte al wurdgrinzen werkenne yn sprutsen taal. Wy kinne dus al as baby in brij wurden yn stikjes diele.

Ciska Noordmans 19 september 2023


Oars as skreaune taal, binne de wurdgrinzen net altyd dudelik as der praten wurdt. We hearre in lange rigele klanken, dy’t ús brein ferwurket ta wurden, en dêrnei sinnen, mei in betsjutting.
Us brein kin dat as de bêste! Tink mar ris oan in gesprek yn in drok kafé. Der is in protte lawaai om dy hinne, mar do kinst dyn gesprekspartner min of mear folgje en oare gelûden negeare.

Us brein kin dus fan sinnen lytse boustjintsjes meitsje… as kralen mei ynformaasje wurde der sinnen reaun.  It docht bliken dat ús harsens har konsintrearret op it begjin en ein fan it wurd.
We ûnthâlde dus foaral de earste en lêste lettergreep.

Net earder wie ûndersocht dat dit by lytse berntsjes krekt sa wurket as by folwoeksenen.
Italiaanske ûndersikers fan de Universiteit út Triëst hawwe dit no krekt útfûn en beskreaun yn Developmental Science.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.