heit&mem

De resinsje fan Marjan: Wat in rommel!

x 26 januari 2023

In kadootsje mei fleurich stippeltsjepapier deromhinne en in
wolkomstkaartsje derby, foar my as nij panellid, kaam fan ’e wike troch de
brievebus! Ik hie der sin oan om dat kadootsje út te pakken en ús Sarah (5)
en Stefan (9) ek. Ut it papier kaam in boek mei in prachtich yllustrearre
foarkant en dat frege derom om it hiel gau te iepenjen en te lêzen. Dat is
dan ek krekt wat wy dien hawwe.

Dit boek giet oer twa eksters dy’t fjouwer moaie blauwe aaikes lein hawwe.
It eksterpear wol fansels it bêste foar harren jongen en dêrom sykje se fan
alles byinoar en tôgje dat nei it nêst. It giet wol wat mâl, want der wurdt grut
guod oansleept. Fan koekoeksklokken oant in fyts, fan in bernewein oant in
auto. It nêst wurdt sa fol en swier dat de beam it net mear hâlde kin en
brekt. Mei alle spullen en de aaien falt it nêst nei ûnderen. En dêr skrikke de
eksters fansels fan. “O heden, wy wiene ek noait tefreden!” sa seit ekster
Akke. Under al it guod is it mar de fraach hoe’t it no mei de aaikes fan de
jongen giet.

In moai boek mei rymjende sinnen. Us bern fûnen it hiel leuk om de
yllustraasjes te besjen en Sarah besocht de blauwe aaikes fan de eksters
hieltyd te finen tusken alle rommel. It is in hiel learsum ferhaal mei in
libbensles deryn, want hawwe wy wol safolle spullen nedich om te libjen?
Wat is folle wichtiger? It boek jout it goede foarbyld, want al it guod dat út it
nêst fallen is, kriget in twadde libben of wurdt kreas opromme. En fansels
ein goed al goed, der wurde jonge eksterkes berne.

It boek hat prachtige yllustraasjes oer de hiele side ferspraat, fol kleur en
mei ferskate bisten. Dat sprekt jonge bern fansels daliks oan. Dêrnjonken is
dit hiele ferhaal moai yn it Frysk op rym skreaun. It is dêrtroch maklik foar te
lêzen. Omdat der ek noch in moraal yn it ferhaal sit, leare de bern ek
nochris oer wat no echt wichtich is yn it libben.
Al mei al in moai berneboek om foar te lêzen en wêryn’t in protte te sjen en
te ûntdekken is op de fleurige platen.

Skreaun troch Marjan Dijkstra út Dokkum
Mem fan Thomas (14), Esther (12), Stefan (9) en Sarah (5)
Deeltiid Pabo Studint


‘Wat is rommel!’ is foar € 14,99 hjir online te bestellen.

-> Marjan is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.


 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.