heit&mem

De resinsje fan Lara: Ik moat sa noadich!

x 26 januari 2023

Ik moat sa noadich! – Quentin Gréban

It lytse katsje Eva giet mei har mem en har babybroerke nei de merk. As se der krekt binne, fielt se ynienen dat se hiel noadich nei de wc ta moat! Mei in protte bombaarje en noch mear help fan oaren slagget it om de wc op ’e tiid te berikken, mar dan… hoecht se net mear! Mar alle oaren dy’t holpen hawwe, moatte no ynienen wól!

In tige spannend en ek grappich boek, mei prachtige yllustraasjes. It is krekt oftst yn in poëzyalbum-wrâld telâne kommen bist. It byld docht wat âlderwetsk oan, mar krekt dat makket de sfear. Foar de bern wie it in tige werkenber ferhaal, ik tink dat elkenien it wolris meimakke hat dat se nei de wc ta moasten wylst it net koe. En ek dat as it dan einlings wol koe, it dochs net mear sa noadich hoegde.

It lettergebrûk, wêrby’t dingen dy’t lûden meitsje en dat wat Eva sels seit fetter drukt binne, makket dat it hiel noflik lêst en it boek maklik foar te lêzen is.

Bern moatte laitsje as de woartelkeapman tinkt dat Eva op syn skouders pisje sil en libje mei as de tram ûntspoart. It ferhaal einiget ek mei in laits, omdat alle folwoeksenen no wól pisje moatte en Eva weromkeatst oft sy it dan sels ek net even ynhâlde kinne. Op de platen op it foar- en achterblêd fan it boek steane hiel grappige yllustraasjes mei ferskate bisten op in potsje.

In behelpsum ferhaal as in bern skjin wurde moat. En der bart safolle dat it ek just foar âldere bern noch tige nijsgjirrich is. In protte dingen komme werom, lykas it stopljocht, de plysjeman, de tram, de iisbear, ensf. Op hast elke side is in blaumies of in oar fûgeltsje te finen. Hoe faker ast it boek lêst, hoe mear ast ûntdekst. Dat fine alle bern (en in protte âlders) hiel aardich, dat it boek moat elke kear op ’e nij foarlêzen wurde. Foar ús húshâlding is dit moaie ferhaaltsje in skot yn ’e roas. Mar earlik is earlik, wy soenen de mem fan Eva wol taroppe wolle dat se de folgjende kear mar gewoan yn de winkel freegje moat oft der ek in wc is. Folle makliker 😉


‘Ik moat sa noadich!’ is foar € 16,95 hjir online te bestellen.

-> Lara is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.


 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.