heit&mem

Ferneamd: Teatske

Ferneamd: Teatske

Teatske – ropnamme Thea
Thea de Haan is berne op 26 april 1963
Thea Bosma is berne op 28 septimber 2022

Ciska Noordmans 23 januari 2023


Teatske is in seldsume foarnamme yn Nederlân, en komt it meast yn de Wâlden fan Fryslân foar.
De namme betsjut ‘beskermer fan it folk’. Thea stamt nei alle gedachten ôf fan Theodorus,
dat ‘geskink fan God’ betsjut. Dy namme wie benammen populêr tusken 1940 en 1970.

Thea: ‘Ik fyn it hartstikke moai dat ik ferneamd bin. Ik wist it fan tefoaren net, mar ús dochter Catharina en skoansoan Klaas hawwe al in soantsje dat ferneamd is nei de heit fan Klaas.
Sy hjitte beide fan Sjouke.
Ik hie der wol rekken mei holden dat ik miskien ek ferneamd wurde soe en gong der eins fan út dat it famke dan ‘Teatske’ hjitte soe, omdat har broer Sjouke ek sa’n geve Fryske namme krigen hat. Mar de âlders ha harren earste dochter presys deselde namme jûn as ik ha: Teatske, mei as ropnamme Thea. Ik fyn dat prachtich! It is soms ek wol in bytsje frjemd om no faak myn eigen namme te hearren of út te sprekken. Dat moat even wenne! Myn man Jan is ûnderwilens ek ferneamd. Wy ha in pakesizzer dy’t ‘Janno’ hjit. Wy fine dat hiel moai, sa’n namme dy’t trochgiet. Wy hawwe eartiids ús eigen bern ek ferneamd, mar tsjintwurdich is ferneamen net mear sa hip en wurdt it net mear sa’n soad dien, tinkt my. Sels bin ik ek ferneamd, net nei beppe mar nei in tante fan myn heit, want de earstberne dochter wie ik net. De namme Teatske sit al hiel lang yn de famylje. Ferneamen is echt in tradysje dy’t by ús goed ferankere is troch de generaasjes hinne.

We hienen fan tefoaren ôfpraat dat as de befalling ynsette, dan soe ik Sjouke ophelje en meinimme nei ús hús ta, mar de poppe kaam sa fluch, dat ik bin mar bleaun oant lytse Thea op de wrâld wie. We koenen fuort oan de beskút mei mûskes. Sjouke is tige wiis mei syn lytse suske. Sjouke komt wolris útfanhús by pake en beppe en wy passe ek regelmjittich op. Mar salang’t lytse Thea noch boarstfieding krijt, binne dy besites noait langer as trije, fjouwer oeren. Dêrnei hat se wer ferlet. Lytse Thea docht it goed. Se drinkt bêst en sliept as in roaske. Se is no fiif wike âld, mar de tiid fljocht! Ik sjoch no al út nei de simmer: lekker te fytsen troch de Wâlden mei lytse Thea foarop yn it sitsje!’

Skriuwer: Ciska Noordmans
Foto: Hippe kiek Fotografie
Ut: Lytse Heit&mem nr.10 2023

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.