heit&mem

De maanden van het jaar in het Fries

Dieuwke van der Meer 12 september 2023

Weet jij alle namen van de maanden van het jaar in het Fries? En wist je dat elke maand ook een ‘bijnaam’ heeft? 

De ‘bynammen’ fan de moannen binne nammen dy’t fan âlds ûnder de Friezen bestiene.  Se hawwe alle 12 in relaasje mei wat dat in skaaimerk is foar dy moanne, foar dy tiid fan it jier.

januari jannewaris / foarmoanne  de earste moanne fan it jier  

februari

 

 

febrewaris / sellemoanne 

 

 

Wêr’t selle weikomt is net mei wissichheid te sizzen. Guon ferbine it mei in Aldfrysk wurd ‘sol’ (ferlykje Nijfrysk ‘soal’) foar slyk = in moanne dat de diken drekkich, slikich binne. Oaren ferbine it mei in âld Germaanske wurd ‘sel’ (net yn it Frysk oerlevere) dat wat te meitsjen hat mei ‘goed, bliid, myld’. Dan soe it ferwize nei de ein fan ‘e winter, de blide goede tiid dy’t dan wer oanbrekt.  
maart maart / foarjiersmoanne   moanne dat it foarjier begjint  
april april / gersmoanne     moanne dat it gers wer grien wurdt  
mei maaie / blommemoanne    moanne dat alles bloeit  
juni juny / simmermoanne    moanne dat de simmer begjint  
juli july / heamoanne     moanne dat it hea wûn wurdt  
augustus augustus / rispmoanne    moanne dat de weet, it nôt rispe ( ‘geoogst’) wurdt  
september septimber / hjerstmoanne    moanne dat de hjerst begjint  
oktober oktober / wynmoanne     moanne fan ‘e druverisping en it wynmeitsjen (dat fanâlds net yn Fryslân dien waard)  
november novimber / slachtmoanne   moanne dat der slachte waard (meast in baarch) foar de winter  
december desimber / wintermoanne   moanne dat de winter begjint  
       

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!