heit&mem

Fryske taalhelp-apps en games online!

Dieuwke van der Meer 28 mei 2018

Wolsto graach flaterfrij Frysk skriuwe? Sûnt in skoftke kin elkenien op www.taalhelp.frl terjochte foar Fryske taalhelp-apps, taalgames en oare digitale taalhelpmiddels. 
 
De webside yn yndield yn twa parten. Foar folwoeksenen is der in ferskaat oan digitale taalhelpmiddels te finen fan in wurdboek-app oant in Frysk toetseboerd en bern kinne op de webside fan Taalhelp allerhanne Fryske taalapps fine.
 
De webside www.taalhelp.frl is mei ûntwikkele op basis fan in ûndersyk troch de Provinsje Fryslân dêr’t út bliken die dat der ferlet wie fan mear omtinken foar it bestean fan Fryske digitale taalhelpmiddels. Taalhelp.frl is ûnderdiel fan in bredere kampanje wêrby’t neist de lansearring fan it online platfoarm ek ynset wurde sil op tillefyzjereklames en in bannerkampanje op populêre Fryske websiden.
 
Taalhelp.frl is in inisjatyf fan de Afûk yn gearwurking mei Omrop Fryslân en BWH Ontwerpers yn opdracht fan de Provinsje Fryslân.
 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.