heit&mem

Boekresinsje fan Annika: ‘Dingeman krijt wjukken’

x 7 september 2020

It ferhaal giet oer Dingeman, in jonge dy’t tegearre mei syn mem yn it saaiste hûs fan de stêd wennet. Syn mem hat allinne oandacht foar har rike freonen en regelet allegearre ferfelende oppassen foar Dingeman. Op in dei kriget Dingeman in spannende útnûging foar in boerefakânsjekamp mei oppaspaken en foarlêsbeppen. Dat liket Dingeman wol wat! Hy hellet syn mem oer om him dêr in wike hinne gean te litten.

Dingeman syn aventoer begjint. Hy wurdt ophelle mei in lúkse taksy. As hy op de buorkerij oankomt, blike der gjin oare bern of paken en beppen te wêzen. Wa’t der wol is, is Joazef. Hy hie alles yn de brief sa betocht, om der wis fan te wêzen dat syn mem Dingeman tastimming jaan soe.

By Joazef hat Dingeman de wike fan syn libben. Der is wol wat frjemds oan Joazef, mar Dingeman fielt him hielendal thús op de buorkerij. Soe hy dêr net foar altyd bliuwe kinne?

Dingeman makket in moaie ûntwikkeling troch yn it boek: oan it begjin liket er in sneu jonkje, mar letter blykt Dingeman best wol stoer te wêzen. Hy is nijsgjirrich nei alles op de buorkerij en betinkt mei Joazef kreative útfiningen. Se meitsje bygelyks de Wjukkestoel, dêr’tst op sitte kinst om ferhalen oan inoar te fertellen. Hy is dêrneist net bang om syn eangsten oan te sjen: Joazef helpt him fan syn hichtefreze ôf.

Dit boek is geskikt fanôf de boppebou om sels te lêzen. Ik soe it boek net yn ien kear (foar)lêze, want elk haadstik hat in oare útfining fan Joazef. Dat kin bêst in soad wêze om yn ien kear te ûnthâlden.

De nije foarkant fan it boek, de ûntwerpskets fan de Wjukkestoel, past by it boek. Gerrit Terpstra hat troch it hiele boek hinne sokke sketsen makke. Bern krije dêrtroch echt it idee dat se yn it útfiningeboek fan Joazef belâne binne. Ik soe it boek earst koart yntrodusearje troch it earste haadstik foar te lêzen oan de bern, want de foarkant is miskien al wat té ‘âldsk’ foar se.

Ik fyn dit in moai berneboek, om’t alles mooglik is. Fantasyen dy’t útkomme yn de foarm fan útfiningen of praten mei bisten. Dêrneist wurdt der op dizze manier praat oer serieuze ûnderwerpen út it libben, lykas pesten of de dea. It makket it boek tiidleas; fernimst net dat it yn ’e foarige iuw útbrocht is.

Annika van der Zee út Bûtenpost, studinte Akademyske Pabû

‘Dingeman krijt wjukken’ is foar € 15,00 hjir online te bestellen.

-> Annika is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!