heit&mem

heit&mem kado-edysje

heit&mem kado-edysje

Dieuwke van der Meer 27 november 2019

Om’t heit&mem dit jier 10 jier bestiet ha wy in spesjale kado-edysje makke.
de heit&memkado-edysje is in spesjale útjefte op spesjaal papier en yn in spesjaal formaat.

Yn it nûmer stean leuke boekentips fan de biblioteek, moaie kaartsjes om te ferstjoeren dizze winter, prachtige kado-kaartsjes, in ynterview mei Femke de Walle oer hoe’t sy thús praat, tips oer meartalich grutbringen, in boekresinsje oer it boek ‘Myn aldermoaiste trekkerboek’, in hearlik resept fan ‘Peperkoekmannetjes’ fan Rens Kroes, in plaat mei in moai gedicht en noch in plaat mei in prachtige quote om thús op te hingjen. 

It blêd is fergees ôf te heljen by de biblioteken of hjir online te bestellen. Do betellest dan allinne de ferstjoerskosten.   

It blêd is ek online yn te sjen.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.