Wachtsje op adopsje
Sietske Zwart 27 augustus 2015
Wachtsje op adopsje
Do
fier fuort
yn in oar lân
mei dyn eigen taal, Boedha
en moessonrein.
Do
tichtby
noch sûnder namme
mar skrast yn ús hert
dyn keamer wachtet
Net allinne
dyn suske, heit en mem. Unbekind
fierfuort tichtby hâlde wy fan dy.
Wannear komsto hjir hinne?
Meie wy dyn namme hearre
Dyn bliere laits oer ús hinne falle litte
En dyn fertriet fuortfaaie?
De tillefoan giet
net
Taal noch teken.
It wurdt let,
let.
Is der no net ien dy’t sjocht
dat wy twa
ferlet ha
fan elkoar.
Do fan my
en ik fan dy?
Wêrom
net?
duorret it sa lang?
Burokraasje, stempels, hantekening
en in bulte papier
wachtet noch
op trage hannen
Dy’t troch alle lannen
hinne, ús byinoar bringe sille.
Stevinch sil ús ketling wurde
Mar no noch
Net.
Ik ha ferlet
fan dy.