heit&mem

Fries Museum, Ek foar bern!

It Fries Museum is foar ús allegearre, as wy nei it logo sjogge. Mar hat it Fries Museum ek wat foar bern?  Foar harren ferpakt it Fries Museum it sjen, neitinken en kreatyf wêzen yn in moai kadootsje: de kinderkunstclub op de earste sneintemiddei fan de moanne.

Ciska Noordmans 25 oktober 2016

Kinderkunstclub
 Op alle earste sneinen fan de moanne binne der berne-aktiviteiten yn it Atelier fan it Fries Museum. Dosinte Jikke van der Zee nimt de jonges en famkes mei it museum yn. Mei syn allen besjogge se in net alledeisk foarwerp dat in protte fragen opropt. Werom yn it atelier gean de bern dêr ûnder lieding fan dosinte Jikke mei oan ’e slach. Jikke befreget de bern oer wat se sjoen hawwe, set de bern oan ’t neitinken en besiket de fantasije op  stoom te bringen foar wat dêrnei komt: it meitsjen fan in eigen ‘museumstik’ nei oanlieding fan wat dêr stiet te pronkjen yn de museumseal. 

Dizze kear stiet de stok mei runetekens sintraal. Ienris werom yn it Atelier pakt Jikke de keunstboeken derby; Matisse, Picasso, der leit in hiele steapel. Troch fragen te stellen lykas: ‘Wat sjochst?’ en ‘Lykje dizze tekens ek op dy oare?’ en ‘Wat fynst fan de kleuren? wurde bern oantrune om noch better te sjen en te fergelykjen’. Sa sjogge bern ynienen folle mear!

De bern begjinne har eigen runetekens mei wasko te tekenjen. ‘It kin net ferkeard gean’, motivearret Jikke van der Zee entûsjast. ‘Meitsje mar in bibberjende lijn, in golvjende lijn … en wa wit noch mear?’ ‘In ferlyfde lijn’, ropt Femke. ‘Of een gloeiende lijn’, ropt Sebastiaan. En passant wurdt der in minyworkshop jûn oer it mingen fan kleur en dêrnei kinne de bern as skilders oan ’e slach mei kwaste en ferve, elk mei in eigen palet.
Nei in oere giet de grutte glêzen doar fan ’t Atelier wer iepen en gean de kinderkunstkluppers werom nei heit en mem. Grutsk, mei in holle fol ynformaasje en in skilderij yn ’e hân.
 
 

‘Verkering voor viespeuken’?!
In fize bûsdoek fan 400 jier âld stiet sintraal!
In deze zakdoek deed een jongen geld. Daarna knoopte hij hem losjes dicht en gaf hem aan het meisje van zijn dromen. Als zij de doek aannam en de knoop aantrok, dan was de verloving een feit.

Ast mei bern yn it Fries Museum komst, krije alle bern in ‘doeboek’ mei, dat it ferhaal fan Fryslân fertelt troch bern oan it wurk te setten mei fragen en opdrachten. Se moatte sels sjen, neitinke en kreatyf wêze. Prikkeljende titels wurde ferbûn oan foarwerpen dy’t yn it museum te sjen binne. 

 

Is jim bern ek ynteressearre yn skiednis en keunst? Lês hjir ús berneboeketip foar 8-12

wenje-yn-in-skilderij

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!