heit&mem

Fergees babyguod foar kânsearme gesinnen

Neffens de statistiken libben der yn 2015 yn Nederlân mear as in heal miljoen minsken yn earmoede. Om dy minsken te stypjen binne der de ôfrûne jierren ferskillende goede doelen oprjochte. Tink oan Voedselbanken Nederlân en Stichting Armoedefonds. Dêrnjonken kamen der ‘spesjale’ inisjativen lykas speelgoedbanken, dêr’t nij en brûkt boartersguod ynsammele wurdt foar bern yn in efterstânssitewaasje, en ek luierbanken, dêr’t ruften en oar basisspul foar poppen en jonge bern ynsammele wurde.

Femke Jaarsma 12 oktober 2016

Luierbank
Yn Fryslân is ek sa’n luierbank oprjochte, de Luierbank Friesland yn Reduzum. Neffens de Luierbank Friesland hat elke poppe rjocht op drûge billen en hawwe âlders rjocht op in soarch minder. Inisjator Mim Hardege fertelt hoe’t sy ta de oprjochting fan har luierbank kommen is. ‘Alle jierren die ik in ynsammelaksje foar in goed doel. Nei in grutte aksje foar de Voedselbank yn Grou, wêrby’t wy sa’n tweintich kratten mei iterij en non-foodspullen foar de minima folje koenen, krige ik in soad positive reaksjes. Lykas mails fan minsken dy’t helpe woenen troch bygelyks klean te jaan. Sa kaam ik op it idee om de luierbank op te rjochtsjen.’ Mim leit út wa’t yn oanmerking komt foar help. ‘Minsken kinne by ús terjochte wannear’t se ynskreaun stean by in helpferlienende ynstânsje lykas de Voedselbank, mar se kinne ek trochferwiisd wurde troch in wykteam, konsultaasjeburo, de kredytbank of in organisaasje lykas Connecting Hands.’

Sylvia (32 jier, Ljouwert) jout oan dat sy it sûnder de Luierbank net rêde soe. ‘Wy hawwe fjouwer bern, wêrûnder in poppe fan 3 moanne, en moatte fan 70 euro yn de wike libje. It is hiel moai dat der soks as in luierbank is.’ Se kaam yn oanrekking mei dat inisjatyf fia in webside dêr’t minsken ûnderinoar spul oan elkoar weijouwe. ‘Ik joech sels berneklean wei, en doe fertelde immen my dat ik ek oan de Luierbank donearje koe. Doe haw ik kontakt socht.’

Jeften en donaasjes
De Luierbank Fryslân krijt gjin subsydzje en is dus folslein ôfhinklik fan jeften en donaasjes. ‘Sa no en dan krije wy aardige donaasjes fan bedriuwen en mei ik dat guod ferlotsje op ús Facebookside om jild te generearjen.’ Mar hoe komt Mim dan oan al dy babyspullen? ‘Der stiet in griene miny-kliko foar ús hús yn Reduzum, dêr’t minsken lyts guod yn deponearje kinne. It is alle kearen wer in ferrassing wat dêryn sit. Je kinne ek op ôfspraak by ús terjochte en soms helje ik de donaasjes sels op. Dêrnjonken krij ik fia e-mail of ús Facebookside spullen oanbean.’

Mim docht ek rjochtstreeks oproppen fia Facebook, ‘as de billedoekjes hast op binne bygelyks’. Se fertelt dat de donaasjes oeral wei komme. ‘Fan Boalsert oant Dokkum, mar it measte komt út Ljouwert.’ Hat se genôch romte om alles op te slaan yn har eigen hûs? ‘Alle donaasjes hawwe in aparte romte by ús. Klean lizze no yn ús eardere kantoar, grut guod en “overflow” op souder, en yn de ynrinkast lizze alle fersoargingsprodukten en ruften.’ Se jout oan dat se it bysûnder fynt dat krekt de minsken dy’t sels net folle hawwe it measte weijouwe. ‘Al myn kliïnten binne tige behelpsum en besykje de Luierbank te promoatsjen.’

Njonken de Luierbank Friesland is der in fergelykber inisjatyf iepene yn Fryslân, de Kraambank. Sjoch foar mear ynformaasje op:

Wat is earmoede?
Hast elkenien yn Nederlân hat in dak boppe de holle, hoecht gjin honger te lijen, hat klean en krijt medyske soarch en ûnderwiis. Fan (ynkommens)earmoede is neffens it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) sprake as it ynkommen net foldwaande is om in bepaald konsumpsjenivo te realisearjen dat yn Nederlân minimaal needsaaklik achte wurdt. It CBS sprekt net fan earme húshâldens, mar fan húshâldens mei in leech ynkommen en risiko op earmoede. Yn 2014 moasten fan de goed 7 miljoen húshâldens 734.000 libje fan in leech ynkommen. (Boarne: www.cbs.nl)

Ut: De Lytse Heit & Mem 2016/2017

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.