heit&mem

‘Frysk jout my in feilich gefoel’

Marieke Vinckers 28 december 2016

No hast fan it begjin ôf oan moai Frysk praat tsjin de bern en dan komme se op in dei thús en sizze se: ‘Ja, het was leuk op school mam.’ (?!) Het was leuk op school? Wat is dat no? En seisto dan: ‘Oh, moai dat it leuk wie op skoalle.’? Giest troch mei Frysk werom te praten as de bern beslute dat Nederlânsk ek bêst genôch is? En hat twataligens no júst foardielen, of soargest der mei dyn Frysktalige húshâlding foar dat de bern mei in fet aksint de wrâld yngean?

Der wiene in soad reaksjes op Facebook doe’t wy dit ûnderwerp posten op ús heit&mem Facebookside. De mieningen rûnen aardich útinoar. Japke van Groning skreau: ‘Ja hjirre! Us dochter prate altyd Hollânsk werom. Wy binne sa Frysk as wat, dus wat in argewaasje! Gelokkich praat se no wól Frysk tsjin ús, mar tsjin har suster noch altyd Hollânsk. De beide dames prate dus Frysk tsjin har âlden en Hollânsk mei inoar. Ik hoopje dat dat ek noch oerwaait.’

Ynfloed skoalle
Miskien is it net iens sa gek dat de bern Nederlânsk weromprate as se thúskomme fan skoalle, dat is ommers wat se de hiele dei meikrije yn ’e klasse. En der binne fansels ek in soad bern op skoalle dy’t net Frysk binne. Dêr giest al. We soene eins wol mei al dy minsken prate wolle dy’t in reaksje pleatst

Closeup shot of a young man writing on a note pad

hawwe, mar wy hawwe wat oars betocht. We prate mei in bern dat bern-ôf is. Frysktalich grutbrocht troch syn mem, syn heit prate altyd Nederlânsk mei him en mei syn broer Jester. Mei pake en beppe wie it Frysk wat de klok sloech en mei opa en oma út Emmen prate er Nederlânsk. En ja, Ingelsk ek, want oma Mimi komt út Taiwan. Op har bar prate dy wer Sineesk mei har soan. Oer in meartalige situaasje sprutsen: dit is der ien.

 

It Frysk is myn gefoelstaal

En hoe treffe wy Jente Posthumus (17 jier) dan oan? Is it in jonge mei in dik aksint? En hat er eins lêst hân fan al dy talen? Nederlânsk praat er aksintleas, dat hearst fuort wol. Jente is grutbrocht yn Húns. In lyts doarp yn ’e greidhoeke: ‘Húns is in hiel Frysk doarp’, fertelt er. ‘Komt tink ik omdat dêr in soad âlde minsken wenje, dy prate allegear hiel geef Frysk. Dy jouwe de taal troch fan generaasje op generaasje. Ik fyn dat wol moai. Ik haw mei myn broer altyd Frysk sprutsen. Dy taal leit it tichtst by my. It is de taal dêr’t ik myn gefoel yn kwyt kin. Dat hat mei fertrouwen te krijen tink ik. Myn mem hat ús yn fertrouwen sa grutbrocht, dy taal jout my dus ek in feilich gefoel. Ja, it is myn gefoelstaal sis mar.’

Nederlânsk op skoalle
En hoe gong dat dan op skoalle? Prate Jente dêr ek Frysk? ‘Nee, op skoalle krigen wy les yn it Nederlânsk. We hiene ek Hollânske bern yn ’e klasse, dus dat koe net oars. Yn ús doarp sprutsen alle bern dus ek Nederlânsk mei inoar! It is pas twa jier lyn dat wy tsjininoar seine: “Wêrom praten wy eins gjin Frysk?” En it gekke wie dat soks dus echt noch bêst nuver is! Asto wend bist om in bepaalde taal mei ien te praten, dan kinst dat hast net mear feroarje. Dat hat myn omke ek mei syn mem. Dy prate altyd Sineesk tsjininoar. Tsjin syn heit praat er Nederlânsk. Sa giet dat gewoan.’

‘Hollânsk tsjin myn mem prate?
Ik kin it suver net!’

Jente fertelt oer thús. De heit en mem fan Gijs wienen der. Gijs is de man fan syn mem Margriet. Dy syn âlders komme út Seelân wei. ‘Myn mem en ik soenen dat wykein dus Nederlânsk tsjin elkoar prate fansels, oars ferstiene dy leave minsken der neat fan. No, doch dat mar ris! It slagge my suver net. As ik Margriet yn ’e eagen seach, dan begûn ik daliks yn it Frysk. Mar ik hie in oplossing fûn. As ik tsjin Margriet prate, dan seach ik nei de mem fan Gijs. Doe slagge it wol! Nuver.’  

Kiev, Ukraine - August 10, 2015: Facebook like logos for e-business, web sites, mobile applications, banners, printed on paper and placed in the sand against the sea Social network facebook sign.

Op Facebook fertelt Annetta van der Tuin dat se thús Frysk prate en dat allinnich de jongste Nederlânsk werompraat. ‘Raar no?’ skriuwt se. Mar de logopediste seit dat har soan letter sels prima ûnderskied meitsje kin. Dat in soad bern dy’t mei it Frysk grutbrocht binne, Nederlânsk weromprate en letter dochs Frysk begjinne te praten, die ek wol bliken út de reaksjes.

Annelies Stuiver fertelt bygelyks oer har âldste dochter Anke (no 15 jier): ‘Zij heeft van haar 2e tot haar 14e jaar Nederlands gesproken, en wij spreken/spraken altijd allemaal Fries binnen ons gezin. De reden dat zij nu Fries spreekt, is omdat zij een zusje heeft gekregen toen ze 13 was. En Anke zou het jammer vinden als Isa Nederlands in plaats van Fries gaat praten! Nu spreekt Anke dus ook Fries.’

‘Daar kan ik niet over’ 
Dutch flag of the province Friesland against a clear blue skyIt soe dus kinne dat bern út in Frysktalich húshâlden pas letter bewust de kar meitsje om de taal te sprekken. Ek Jente soe it skande fine as de taal ferlern giet. Hy seit fuort yn it Nederlânsk: ‘Ik weet niet als ik nou echt voor of tegen de Friese taal ben, maar ik ben blij dat ik het spreek.’ En dêr hearst dat er in echte Fries is. Net in aksint, mar de Frisismen ûntmaskerje him. Hy laket. ‘Ja, sa ha ik der noch wol in pear: ik sis altyd: “Daar kan ik niet over” en “Maakt niks”.’ No Jente, dat makket neat.

Troch: Marieke Vinckers

Nr.2 2016: 23 septimber 2016

Boekentip:

9200000037316868

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!