heit&mem

Meartalich grutbringen pakt goed út

Hotske en Stephan Jagersma út Aldegea (SWF) fiede harren bern Fardau (13), Indira (5) en Vayinda (3) meartalich op. Hotske praat Frysk mei se, Stephan Dútsk en Nederlânsk, en trochdat se – no al  foar de twadde kear – tydlik in bûtenlânske studint yn ’e hûs ha, leare de bern ek noch in bytsje Frânsk en Ingelsk.

Klasina van der Werf 26 april 2016

Leafde op it earste gesicht

Hotske is hikke en tein yn Aldegea. Stephan komt út West-Berlyn, mar fûn de stêd te drok. Hy socht wurk yn Europa en belâne yn de Achterhoek. Dêr rûn hy Hotske tsjin it liif. Sy wie dêr mei in freondinne oan it kampearjen. ‘It wie leafde op it earste gesicht’, seit Hotske. Stephan hie it Nederlânsk doe krekt in bytsje ûnder de knibbel en krige der fuort in nije taal by: Frysk. ‘Ik bin fan hûs út Frysk en fyn myn taal te moai om ôf te skaffen. Stephan hie de kar: óf hy learde de taal te ferstean, óf hy waard hiel iensum’, laket se.

 syktocht nei it brûken fan de talen

Hotske har dochter Fardau wie fjouwer jier doe’t Stephan yn harren libben kaam. Yn it begjin wie it in syktocht nei it brûken fan de talen en hellen se alles trochelkoar. Se krigen sels op ’e kop fan de juf fan Fardau. Stephan: ‘We hadden een Sesamstraat-cd in het Duits, met het alfabet erop. Fardau kende daardoor de letters beter in het Duits dan in het Nederlands.’ Dat wie foar Hotske en Stephan it momint dat se seinen: wy moatte de talen dúdlik ôfbeakenje. No praat Hotske Frysk en Stephan Nederlânsk. Op dagen dat Stephan allinnich mei de bern thús is, praat hy ek Dútsk. ‘Ik vraag bijvoorbeeld wat ze willen drinken: melk of Milch. En ik lees elke avond uit een Duits boekje voor. Op deze manier kunnen ze de Duitse taal ook verstaan en dat is heel handig voor als oma op bezoek komt. De jongste zei laatst voor de telefoon al tegen oma: “Ich liebe dich” en “Gute Nacht”.’

Zal ik even een ‘stukje bôle’ voor je klaarmaken?

De bern kinne no goed skeakelje. Mei heit prate se Nederlânsk en mei mem Frysk. ‘Ik moet er soms wel voor waken dat ik zelf niet van taal wissel in een zin. Dan zeg ik bijvoorbeeld: “Zal ik even een ‘stukje bôle’ voor je klaarmaken?”’ laket Stephan. Fardau is no 13 jier en by har is it goed útpakt mei de talen. Hotske: ‘Sy kin ek goed Ingelsk. Dat komt om’t wy twa jier lyn in studint út Tailân yn ’e hûs hiene, dêr’t wy Ingelsk mei praten. No wennet der in studint út België (Wallonië) by ús, Nolwen. Sy praat Frânsk, mar hjir yn ’e hûs prate wy Nederlânsk mei har, want sy wol ús taal graach leare. Wy fine it wichtich om op dizze wize ús bern oare kultueren mei te jaan. En wy leare der sels ek in hiel soad fan. Bygelyks oer ús eigen kultuer. Wy bliuwe no mei Nolwen stean by de tulpefjilden en de mûnen. Dan tink ik: wat wenje wy hjir prachtich!’

“Ich liebe dich” en “Gute Nacht”

Elke simmer kriget de famylje Jagersma noch in oare gast oer de flier: Michelle út East-Dútslân. Fia Europa Kinderhulp biedt de húshâlding sa in fakânsjeplak oan foar dat famke, dat it thús net sa rom hat. Michelle en Fardau ferskille seis dagen en it klikte fan it earste momint ôf tusken dy twa. Stephan: ‘Ze verblijft hier elke zomer drie weken en in die tijd krijgt Fardau een spoedcursus Duits. Fries en Duits lijken grammaticaal veel op elkaar, dus ze leert het snel.’

Om’t Indira en Vayinda noch lyts binne, hâlde Hotske en Stephan it foar harren earst by twa talen: Frysk en Nederlânsk. Oars helje se alles trochinoar. En as se boartsje? ‘Dan prate se Goois. Mei sa’n rôljende “r”.’

Ut: De Lytse Heit & Mem 2016/2017

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!